Saul fan Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
 
Rigel 10:
 
== Saul as kening ==
[[File:Ernst Josephson. - David och Saul.JPG|thumb|left|300px|David spilet foar Saul (fan Ernst Josephson)]]
Saul waard troch de profeet Samuël ta kening salve. Om't de kening de ynstruksjes fan Samuël net opfolget rekket hy út de geunst by de profeet, dy't him it ein fan syn keningshûs oanseit. Dêrnei begjint it ferhaal oer David, dy't troch de profeet salve wurdt as takomstige kening.
 
Rigel 19:
De oergeunstige kening moat dan ek noch ferneare dat syn soan in goede freon wurdt fan David. Hy slút sels in bûn mei David, hold fan him lykas fan him sels en jout him syn militêre klean en wapens. Oant twa kear ta smyt de labile Saul syn spear nei David as dy foar him op de harpet spilet. Saul besiket dan nochris mei syn dochter Mikal David der yn te luzen. David mei har ha as hy hûndert Filistinen wit te ferslaan en him as breidsskat de foarhûden fan dy Filistinen oerhandiget. David akseptearret it oanbod, mar Saul syn opset mislearret: David falt net yn de hannen fan de Filistinen en bringt Saul yn stee fan hûndert twahûndert foarhûden fan Filistinen dy't hy ferslein hat. Oanslutend troud David dan mei Saul's dochter Mikal. David wurdt aloan populêrder en Saul syn lilkens jimmeroan grutter. En sels syn eigen bern litte him raar sitte. As Saul mannen stjoert om David yn syn eigen hûs te deadzjen, helpt Saul's dochter Mikal David om fuort te kommen. En it is Jonatan dy't it iepenlik by Saul foar David opnimt en him letter helpt te flechtsjen as it mienens begjint te wurden.
[[File:Elie Marcuse saul.jpg|thumb|300px|De dea fan kening Saul (Elie Marcuse, 1848, Tel Aviv Museum of Art)]]
Saul jaget dan op David, mar it slagget Saul net om him te krijen. Oant twa kear ta stiet de kening foar gek. David wit Saul dan hiel ticht te benaderjen sûnder dat de kening der eat fan ealget. Ienris snijdt David him in stik fan de mantel ôf as Saul syn behoefte sit te dwaan yn de spelonk dêr't David en syn mannen om húsmanje en harren ferskûl hâlde. In oare kear slûpt David Saul's kamp yn en nimt by in sliepende Saul syn spear en wetterkrúk wei.
 
== It medium fan Endor ==