Houtsjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Skovarbejder.jpg|thumb|174px|Houtsjer]]
In '''houtsjer''' of '''houthakker''' is immen dy't beropmjittich yn 'e [[boskbou]] wurksum is en dêrby ta taak hat om [[beam]]men te kapjen. Yn lannen mei in grutte [[hout]]ferwurkjende [[yndustry]], lykas [[Kanada]] of de [[Feriene Steaten]], binne houtsjers almeast yn 'e tsjinst by partikuliere [[bedriuw]]en. Yn [[Nederlân]] wurkje de measte profesjonele houtsjers by of yn opdracht fan [[Steatsboskbehear]] en steane se yn 'e regel ûnder lieding of tafersjoch fan in [[boskwachter]] of in [[houtfêster]]. Foarhinne brûkten houtsjers faak in [[heksebile]] of in [[lûkseage]]; tsjintwurdich binne se tarist mei [[keatlingseage]]n of noch swierder materieel, lykas [[beammeroaimasine]]s.