Isjbosjet fan Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Isjbosjet fan Israël to Isjbosjet fan Israel: gjin trema op e yn Israel
Rigel 3:
 
== Libben ==
Nei't syn heit en trije bruorren it libben lieten by de Slach op de berch Gilboä waard Isjbosjet troch de legeroanfierder fan Saul yn [[Machanaïm]] ta kening ferklearre oet it [[Feriene Keninkryk fan IsraëlIsrael]]. Earder hie de profeet [[Samuël (profeet)|Samuël]] lykwols [[David fan Israel|David]], in soan fan Isai út de stamme fan Juda, al ta kening salve om't Isjbosjet's heit, kening Saul, him ôfkeard hie fan God en de profeet. It kaam ta in lange striid tusken de legers fan Isjbosjet en David, dy't linkenoan yn it foardiel fan it hûs fan David ferrûn.
 
Isjbosjet ferspilet de relaasje mei syn legeroanfierder [[Abner]] doe't hy him it ferwyt makke dat hy omsloech mei in byfrou fan syn heit, kening Saul. Abner wurdt dan sa lilk, dat hy beslút oer te rinnen nei it kamp fan David. [[Joäb]], de legeroanfierder fan David, hie lykwols noch in rekken iepen stean om't Abner syn broer [[Asahel]] fermoarde hie doe't dy him efternei siet yn'e kriich fan David tsjin Isjbosjet. As Joäb fernimt dat Abner by David west hat en noch yn'e buert is, stjoert hy der boaden op út om him te sykjen. Nei't hja him fûn hawwe bringe se Abner nei de poarte fan Hebron, dêr't Joäb bûten witten fan David om Abner delstekt.