Earste Wrâldkriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
tabel, en stik apart
L →‎Fronten: + link Sina
Rigel 80:
#Turkije, [[Dardanellen]], skiereilân [[Gallipoli]]: Turken tsjinoer [[Austraalje (lân)|Austraalje]]rs en Nij Seelanners tegearre mei Britske en in lytser tal Frânske troepen;
#De Dútske koloanjes yn [[Afrika]] ([[Tanzania]], [[Rwanda]] en [[Burundy]]) wienen net by steat om folle ferset te bieden oan Frânske, Britske en Súd-Afrikaanske troepen;
#De Dútske gebieten yn [[Sina]] en de grutte Oseaan waarden binnenfallen troch de Japanske, Britske en Australyske legers;
#Op see: de ''[[Kaiserliche Marine]]'' waard troch de Dútske keizer [[Wilhelm II fan Dútslân|Willem II]] yn de havens holden, útsein fan de [[Slach by de Doggersbank]] yn [[1915]] en de [[Seeslach bij Jutlân]] yn [[1916]]. Nei de twadde seeslach jout Willem it befel ta weromlûken hoewol’t de Dútske ferliezen heal sa grut wiene as de Ingelske. Hjirmei joech hy de seehearskippij oan Grut-Brittanje. Belangrike details: Grut-Brittanje krige yn de oarloch in protte ekonomyske en humanitêre help fanút it neutrale USA. Nei ôfkundiging fan in 'folsleine' dûkboatoarloch troch Dútslân tsjinoer de fijân en de neutralen, en de ûndergong fan inkele Amerikaanske passazjiersskippen, waard ek de USA yn it konflikt belutsen op [[6 april]] [[1917]]. Pas in jier letter, yn de maaitiid fan 1918, kamen der werklik Amerikaanske troepen op Jeropeeske grûn. De grutte kanonnen út de Dútske oarlochsskippen waarden oerbrocht nei it westfront en de Belgyske kust<ref>[http://www.domeinraversijde.be/ Domein Raversijde]</ref>, wêr’t se betsjinne waarden troch Dútsers, dy’t op see nutteleas wurden wiene;
#It [[Westfront]]: fan [[Nieuwpoort]] yn [[Belgje]] oant [[Bazel (Bazel]] in [[Switserlân]]: [[Grut-Brittanje]], mei troepen út it hiele [[Gemienebest]] lykas [[Ierlân]], [[Kanada]], Austraalje, Nij-Seelân, [[Pakistan]], [[Yndia]],[[Súd-Afrika]], ensfh., Frankryk oanfold mei troepen út Frânske koloanjes út Noard- en Midden-Afrika en Aazje en Belgje mei in oanfolling fan Kongoleeske soldaten, tsjinoer Dútslân-Eastenryk-Pruisen.