Fantasy (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
It wiene fral de midsiuwskige fantasysubsjenres ''[[sword and sorcery]]'' ("swurd en tsjoenderij") en [[hege fantasy]], dy't úteinlik trochbrieken ta in wrâldwiid publyk. ''Sword and sorcery'' mei it ikoanyske ''[[Conan the Barbarian]]'' ([[1930]]), fan 'e Amerikaanske skriuwer [[Robert E. Howard]], en hege fantasy mei [[J.R.R. Tolkien]] syn ûnoertroffen ''[[The Lord of the Rings]]'' ([[1954]]-[[1955]]). Ferskate oare klassike fantasywurken kamen om deselde tiid hinne út, lykas ''[[The Chronicles of Narnia]]'', fan [[C.S. Lewis]], en [[Ursula Le Guin]] har [[Earthsea-kwartet|''Earthsea''-kwartet]].
 
Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste iuw is fantasy in folwoeksen en fêstige sjenre mei sawol in ynternasjonaal literatueroanbod as in ynternasjonaal lêzerspublyk. Hichtepunten út 'e lêste desennia binne (om mar in lytse greep te dwaan): de ''[[Harry Potter]]''-searje fan [[J.K. Rowling]], de [[Wheel of Time-searje|''Wheel of Time''-searje]] fan [[Robert Jordan]], de [[Kushiel's Dart-trilogy|''Kushiel's Dart''-trilogy]] fan [[Jacqueline Carey]], de [[Chalion-syklus|''Chalion''-syklus]] fan [[Lois McMaster Bujold]] en de roman ''[[Under Heaven]]'' fan [[Guy Gavriel Kay]]. In subsjenre dat de lêste tsien jier tige yn populariteit oanwûn hat, is dat fan 'e ''[[urban fantasy]]'', wêrby't de ferhalen tsjin in stedske eftergrûn spylje, gauris yn ús eigen wrâld. Foarbylden dêrfan binne de ''AnitaKate BlakeDaniels''-rige fan [[LaurellIlona K. HamiltonAndrews]], de ''Dresden Files'' fan [[Jim Butcher]] en de ''[[Mercy Thompson]]''-rige fan [[Patricia Briggs]].
 
==Oare media==