Houkesleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2146654 (translate me)
kaartsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Location Houkesloot.png|thumb|Plak fan de Houkesleat]]
 
[[Ofbyld:Sneek Houkesloot Oppenhuizerbrug.JPG|thumb|right|300px|''Toppenhústerbrêge'']]
De '''Houkesleat''' is in brede 4 km lange [[sleat]] dy't de ferbining foarmet tusken [[Snits]] en de [[Snitser Mar]]. Yn grutter ferbân makket de Houkesleat diel út fan de ferbining [[Hegemer Mar]] - [[Snitser Mar]], tegearre mei de [[Geau]], de [[De Wimerts (Wâldsein)|De Wimerts]] en de grêften yn Snits.
 
De Houkesleat begjint oan de westein fan it [[Kolmarsgat]], fan dêr rint it nei it [[Krúswetter (Snits)|Krúswetter]]; op dit stikje rint it [[Prinses Margrietkanaal]] troch de Houkesleat.
 
Fan it Krúswetter rint de Houkesleat nei it westen, as de grutste fan de sleatten fan de ferkaveling tusken [[It Ges]] en de [[Griene Dyk]]. Fan it noarden út slute hjir troch de [[Galgelânhop]] de [[Grutte Potten]] oan op de Houkesleat. Dêrfoarby giet it wetter tusken it [[Galgelân]] en de [[Trije Pôlen]] troch. Dan komme oan de râne fan it yndustriegebiet fan Snits de Houkesleat en it Ges byelkoar en geane as "de Houkesleat" nei de stêd.