Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

L
Link gelijk aan linktekst
L (Link gelijk aan linktekst)
L (Link gelijk aan linktekst)
Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, ''Trouw'' en ''Elsevier''. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by ''Elsevier'' en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.<ref>[http://www.epibreren.com/rs/vries.html "Abe de Vries"]. ''Epibreren''. De Dichters uit Epibreren. 31 desimber 2004. Krigen 1 desimber 2015.</ref>
 
Yn febrewaris 2003 naam De Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan ''[[Farsk|]]''Farsk'']], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet syn ienmanstydskrift Oranzjery De Kopspiker, dat er yn 2010 ferfong troch it weblog ''Seedyksterfeartfisk''. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.
 
Begjin 2005 folge er [[Jabik Veenbaas]] op as proazaresinsint by de ''Ljouwerter Krante''. Fan 2006 oant 2011 wie er útjouwer by de Friese Pers Boekerij/Noordboek. Fan 2011 ôf is er ferbûn oan it ''[[Friesch Dagblad]]'', earst as resinsjeskriuwer fan Fryske poëzij en esseeïstyske publikaasjes, ferslachjouwer fan algemien-kulturele ûnderwerpen en kollumnist fan de wyklikse kollum "Skroeier", en fan 2014 ôf ek as einredakteur fan it ''Friesch Dagblad''.
 
Yn 2015 rjochte De Vries, tegearre mei Friduwih Riemersma, it literêre tydskrift ''[[Fers2|]]''Fers2'']] op, in digitaal platfoarm foar krityske, ûnôfhinklike literatuer en radikaal literatuerûndersyk.
 
== Poëzij ==
Yn syn jeugd skreau De Vries al Nederlânsktalige fersen. Yn de hjerst fan 2002 debutearre er yn Fryslân mei de bondel ''De weromkommer yn it ûnlân''. Gedichten út de bondel waarden earder yn de Fryske literêre tydskriften ''[[Trotwaer|]]''Trotwaer, '']], [[Hjir|]]''Hjir'']] en ''[[Kistwurk|]]''Kistwurk'']] publisearre. Fan it fernijende, dwerse ''Kistwurk'' wie er ek redaksjelid.
 
Yn syn iere poëzij besocht er in lykwicht te finen tusken it hjoed en syn ferlerne jeugd yn Winaam, mei dêroan besibbe it tema fan de ferlerne leafde. Ek East-Europa wie yn dy perioade gauris ûnderwerp fan syn fersen. Letter is de leafde, it sykjen nei de betsjuttingsfolle oar, it finen en it wer ferliezen fan burgen-wêzen, sintraal yn syn dichtsjen kommen te stean. Dêrneist fynt men yn syn dichtsjen omtinken foar it ferlern gean fan de Fryske taal, de skiednis en de oantaasting fan de noardlike Fryske kuststreek en de marzjinale posysje fan de Frysktalige keunstner. De Vries syn lyryske poëzij lit in ûntjouwing sjen fan benammen byld-oriïntearre gedichten nei in bredere, mear ferheljende poëzij dêr't de muzyk fan de taal alle romte yn krijt.
2.533

bewurkings