Terp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 17:
Der binne ferskate soarten terpen: lege terpen sûnder bebouwing bedoeld as flechtplak foar fee, terpen foar in inkelde wenstee - hústerpen, en terpen foar meardere huzen - doarpsterpen. Boppe-op hús- en doarpsterpen stienen de huzen om in fiver mei farsk wetter hinne. Letter waard de fiver op terpdoarpen meastal ferfongen troch in tsjerke. De foarein fan de huzen stie nei it midden, en de efterein nei bûten. Ut it efterein waard dan de mjokse fan de bisten gewoan de skeante del smiten. Dêrom waarden dizze skeanten brûkt foar lânbou: hja wienen net sa wiet as it legere gerslân en troch de dong tige fruchtber.
 
Tusken [[Fly]] en [[Lauwers]] hawwe der al mear as tûzen terpen west. Dit hawwe foar in part ''hústerpen'' west, dêr't mar ien pleats of wente op stie, mar in oar part wie ''doarpsterpen''. Guon terpen hienen plak foar in grut doarp mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan [[Ezinge]], dy't 24 ha. grut wie.
 
== Neitiid ==