Kompanjy (militêre ienheid): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Company Nato.png|right|thumb|200px| Standertsymboal brûkt troch de [[NATO]] om in kompanjy oan te jaan.]]
In '''kompanjy''' (fan it [[Frânsk]]e ''compagnie'') is in [[militêr]]emilitêre ienheid]] besteande út 80-250 (mar meastal út 100-150) [[manskip]]pen ûnder befel fan in [[majoar]] of in [[kaptein (rang)|kaptein]]. In âlde namme foar in militêre ienheid fan dizze grutte is in '''findel'''. Fjouwer of mear kompanjyen, yn 'e mande mei in [[stêfkompanjy]], foarmje in [[bataljon]]. Foarhinne wiene kompanjyen ek wol ûnderferdielings fan in [[regimint]]. In kompanjy kin sels ornaris ûnderferdield wurde yn seis [[peloton]]s (hoewol't it presize oantal fan lân ta lân ferskilt). Kompanjyen komme benammen foar by de [[ynfantery]] en ferlykbere [[kriichsmacht]]ûnderdielen, lykas it [[marinierskorps]]. De [[kavalery]] brûkt de fierhinne ekwivalinte term [[eskadron]].
 
Sûnt de [[Aldheid]] hawwe de measte legers in ûnderferdieling yn ienheden fan likernôch hûndert man brûkt. It bekendste is op dat mêd sûnder mis de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[sintuerje]] (of 'hûndertman'), dy't oanfierd waard troch in [[ofsier]] dy't in [[sintuerion]] neamd waard. De kompanjy as sadanich ûntstie foar it earst ûnder de reorganisaasje fan it [[Sweden|Sweedske]] [[leger]] troch [[kening]] [[Gustaaf II Adolf fan Sweden|Gustaaf II Adolf]] yn [[1631]]. Dêrby waarden kompanjyen fan 150 man gearstald, dy't yn regiminten fan acht sokke ienheden ûnderbrocht waarden. Dat systeem waard neitiid oernommen troch de legers fan 'e measte oare Westerske [[lân|lannen]]. Letter waarden ynfanterykompanjyen gearbrocht yn [[bataljon]]s, dy't yn 'e mande mei [[kavalery]]- en [[artillery]]-ienheden in [[brigade]] foarmen.