Aldeberkeap: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
DDurk (oerlis | bydragen)
stavering
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Eaststellingwerf Aldeberkeap.png|thumb|300px|right|De [[himrik]] fan Aldeberkeap]].
'''Aldeberkeap''' of ''Berkeap'' ([[Nederlânsk]]: ''Oldeberkoop'', [[Stellingwerfsk]]: ''Berkoop'') is in [[brinkdoarp]] yn de gemeente [[Eaststellingwerf]], by it krúspunt fan de [[N351]] mei de [[N353]]. It doarp hat 1.550 ynwenners (1 jannewaris 2006). It doarp leit yn it lân fan de [[Tsjonger]] en de [[Linde]].
 
== Skiednis ==
Berkeap is ien fan de âldste doarpen fan súdeast-Fryslân. It doarp wurdt al yn [[1228]] neamd yn geskriften as de Fryske striders by ''Brokope''' byelkoar komme om [[Drinte]] binnen te fallen. Yn [[1593]] wurdt de [[Bekhofskâns]] oan de Linde boud. Aldeberkeap is op dat stuit in strategysk plak om't de Linde in ferdigeningsliny foarmet tsjin de [[Spanje|Spanjoalen]] dy't yn dy tiid [[Hollân]] en Fryslân probearjebesykje te ûnderwerpen. In part fan de skâns is noch altiten te bewûnderjen en wurdt op dit stuit yn âlde eare hersteld. Ien fan de oerbliuwsels fan it fort stiet midden yn 'tit doarp, in kanon dat yn [[1979]] fûn waard en skonken is oan de gemeente. Dy hat troch it wapenmuseum fan [[Delft]] in ûnderstel foar it kanon meitsje litten en hat it mids yn 't doarp setten.
 
Yn [[1812]] waard Aldeberkeap it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Dy status hat it hâlden oant [[1855]], doe't [[Easterwâlde]], krekt as tsjinwurdich, it haadplak waard.
 
== Gebouwen ==
Ien fan de gesichtspunten fan Berkeap is de Bonifatiustsjerke. De tsjerke stiet yn it sintrum fan it doarp. It gebou is sa'n 800 jier ferlyn boud en bestie doedestiids hielendal út [[dowestien]]. De tsjerke is boud yn de Romaanske styl. In pear ieuwen letter waard de tsjerke útwreide nei it easten ta. Dit barde yn de gotyskeGoatyske styl. De toer fan de tsjerke is yn [[1583]] troch de Spanjerts ta ynstoarten brocht. De tsjerke hat om 1600 hinne op 'e nij in toer krigen, mar dy is lytser as de oarspronklike toer.
 
FjirderFierder falle de twa lânhûzen 'Vredewoud' en 'Lunia' yn it doarp op. De hûzen wienen oarspronklik eigendom fan de famylje Willinge Prins. Ek it eardere grietenijhûs 'De Zwaan' is in opfallend gebou yn it doarp. Tusken [[1812]] en [[1855]], doe’t Berkeap it haadplak fan de gemeente wie, kaam hjir it gemeentebestjoer byelkoar.
 
Oare opfallende plakken binne 'It Wapen fan Eaststellingwerf' en de haven 'De Uutwiek'.
Rigel 18:
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.oldeberkoop.nl webstee fan Aldeberkeap] (nl)
* [http://www.oldeberkoop.nu webstee oer Aldeberkeap] (nl) (en)