Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 81:
 
Nije swierrichheden folgen doe't Darnley sa eigenfoldien waard dat er syn plak as [[gemaal]] net mear wist. Hy easke fan Marije dat hja him mei-regearjend kening meitsje soe, mei it rjocht om kening te bliuwen as er har oerlibje soe. Dat stegere Marije ôf, en hoewol't hja yn dyselde snuorje [[swierwêzen|swier]] fan him waard, rekke harren ûnderlinge relaasje yn 'e nederklits. Darnley wie oergeunstich op Marije har bân mei har roomske priveesiktaris, [[David Rizzio]], fan wa't kweatongen hawwe woene dat er de heit fan har bern wie. Dêrom spande Darnley gear mei guon protestantske eallju, mei wa't er op [[9 maart]] [[1566]], by in feestmiel yn it Holyrood Paleis te Edinburch Rizzio foar de eagen fan Marije fermoarde. Doe't er in pear dagen letter ûntdiek dat de ûnthjitten dy't de protestanten him dien hiene, nearne op basearre wiene, rûn Darnley op 'e nij oer en holp er Marije om yn 'e nacht fan [[11 maart|11]] op [[12 maart]] út it paleis (en oan 'e ynfloed fan 'e protestanten) te ûntkommen. Hja holden har in wike beskûl yn it Kastiel fan [[Dunbar (Skotlân)|Dunbar]], foar't hja op [[18 maart]] weromkearden nei Edinburch, doe't der in kompromis sletten wie mei protestanten. As gefolch dêrfan krigen Moray, Argyll en Glencairn harren âlde funksjes werom.
[[File:James_HepburnJames Hepburn,_1st_Duke_of_Orkney_and_Shetland 4th Earl of Bothwell,_4th_Earl_of_Bothwell c 1535 - 1578. Third husband of Mary Queen of Scots - Google Art Project.jpg|left|thumb|170px|Jakobus Hepburn, greve fan Bothwell.]]
 
===De moard op Darnley===