Yslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 38:
 
== Skiednis ==
De iere [[Romeinen]] en [[Grikelân|Griken]] hienen al fermoedens dat der noardlik fan de [[Grut-Brittanje|Britske eilannen]] in grut eilân lizze moast. It "Ultima Thule", dêr 't de Romeinen yn oer berjochtenberjochtsje, giet nei alle gedachten oer Yslân, mar wissichheid hjiroer ûntbrekt lykwols. Ut [[archeology]]ske fynsten docht bliken dat de Romeinen sels foet oan wâl setten hawwe, mar de earste minsken dy't in skoft lang op Yslân wenne hawwe wienen [[Ierlân|Ierske]] [[muonts]]en. Mei de komst fan de [[Wytsingen]] binne sy ferdwûn.
 
Yn de [[9e iuw]] kamen de bewenners fan Noarske ôfkomst dêrhinne. De earste Wytsing dy't him foarfêst op Yslân festige wie [[Ingólfur Arnarson]]. Hy lanne yn [[874]] oan de súdkust en festige him om-ende-by [[877]] oan in baai yn it súdwesten. Dat plak neamde hy [[Reykjavik]]. Sûnt dy tiid waard it eilân stadichoan folslein kolonisearre.