Anneksaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktekst
Rigel 1:
[[File:Raising of American flag at Iolani Palace with US Marines in the foreground (detailed).jpg|right|thumb|280px|De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[flagge]] wurdt hyst by it [[‘Iolani Paleis]] yn [[Honolulu]], by in seremoanje ta gelegenheid fan 'e anneksaasje fan [[Hawaï]] troch de [[Feriene Steaten]] op [[6 july]] [[1898]].]]
In '''anneksaasje''', fan it [[Latyn]]ske ''ad'' ("by") en ''nexus'' ("foegjen" of "foeging"), is oerheveljen fan [[grûn]]gebiet fan 'e iene [[polityk|polityk]]-[[steat]]kundige entiteit nei de oare. Yn it [[ynternasjonaal rjocht]] ferwiist it nei it ûnder twang ôfstean fan grûngebiet troch it iene [[lân]], sadat dat tafoege wurde kin oan in oar lân. By sokke anneksaasjes giet it yn 'e regel om in diel fan it grûngebiet fan in lân dat oan in oar lân taheakke wurdt, mar it kin ek om in hiel lân gean dat syn [[soevereiniteit]] ferliest en opgiet yn in oar lân. Dêrby is it anneksearre lân of lânsdiel lytser of tinner befolke of alteast minder machtich as it lân dat de anneksaasje útfiert.
 
Ornaris giet soks oan 'e kant fan it anneksearjende lân mank mei twingerij, [[ekspansjonisme]] en/of [[unilateralisme]]. Sadwaande is 'anneksaasje' in beladen term, en wurdt it mar komselden brûkt as it giet om it gearfoegjen fan twa gebieten wêrfan't de ynwenners yn mearderheid foarstanner fan dat gearfoegjen binne; foar sokke gefallen hawwe har [[eufemisme]]n ûntjûn, lykas [[politike feriening]] of [[weriening]]. Anneksaasjes liede net selden ta slepende konflikten tusken de anneksearjende macht en de befolking fan it anneksearre gebiet.