Romeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktekst
Rigel 17:
== Opdieling fan it ryk ==
[[Ofbyld:Theodosius I's empire.png|thumb|right|230px|De splitsing fan it Romeinske Ryk]]
Troch it ôfgryslik grutte gebiet dat it Ryk besloech, waard it hieltyd slimmer it hiele ryk as ienheidsteat ta bestjoeren. Foaral om't de ferskate provinsjes útienrinnende behoefte en problemen hienen dy't in ferskillende oanpak frege. Om [[300]] hinne waard dêrom it Ryk bestjoerlik ferdield yn in [[Byzantynske Keizerryk|Gryksktalich eastlik part]] en [[West-Romeinske ryk|Latynsk westlik part]]. It doel wie dat it ryk nei bûten ta as in ienheid funksjonearje bliuwe soe ûnder ien inkel regear. Mar yntern en dan foaral op militêr-definsyf, ekonomysk en belestinggebiet, soenen de twa dielen safolle mooglik foar harren sels soargje. Nei ferrin fan tiid evoluearre dat systeem nei in ''de facto'' ferdieling. Yn [[330]] waard troch keizer [[Konstantyn de Grutte]] ek de haadstêd ferpleatst fan Rome nei [[Konstantinopel|Byzantium]] yn it ekonomysk en militêr wichtige eastlik part. Byzantium waard omdoopt ta ''Nova Roma'' mar wie al gau better bekend as ''[[Konstantinopel|]]''Konstantinopel'']] (=''De stêd fan Konstantyn''). Yn [[395]] wie it ryk foargoed ferdield yn in westlik en eastlik part. Konstantinopel bleau de algemien erkende haadstêd fan it eastlike part mar yn it westen wiksele de haadstêd inkele kearen. Dat joech ek de ûnwisse tastân yn it West-Romeinske Ryk oan. Nei Rome waarden efterinoar [[Milaan]], [[Trier]] en [[Ravenna (stêd)|Ravenna]] haadstêd fan it [[West-Romeinske ryk]].
 
De komst fan it [[kristendom]] betsjutte in grutte omkear foar it Ryk. Mei ynearsten swiere ferfolgings fan de kristenen omdat dizzen gjin godlike eare oan de keizers en de Romeinske goaden bewize woenen, waard it kristendom yn [[313]] troch Konstantyn erkend en yn [[392]] troch keizer [[Teodosius I]] sels oant [[steatsgodstjinst]] ferheft. Doe waarden de rollen omkeard en brutsen der foar net-kristenen swiere tiden oan.