Sjamaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 11:
By de measte folken binne de sjamanen manlik, mar froulike sjamanen binne net ûngewoan. Sa komt it by de [[Eskimo's]], bygelyks, inkeld foar dat de sjamaan froulik is, mar meastal wurdt dy funksje by harren troch manlju ferfolle. By Mongoalske folken komme sawol manlike as froulike sjamanen foar, sûnder ûnderskie fan wurk. In manlike sjamaan wurdt in ''boo'' neamd en in frouliken in ''udgan''. De [[Korea]]anske sjamanen, de ''mudang'', binne frijwol altyd froulju.
 
De ''bisu'', de sjamanen fan 'e [[Bûginezen]] fan westlik [[Sulawesi]] en súdlik [[Borneo]] en fan 'e [[Makassaren]] fan súdwestlik Sulawesi, kinne sawol manlju as froulju wêze, mar klaaie en hâlde en drage harren yn beide gefallen as froulju. DozzeDizze [[sjamanistyske travesty]] komt foar ek by de [[Dajaks|Dajak-folken]] fan [[Borneo]].
 
== Sjamanen en medisynlju ==