Frank B. Linderman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 27:
Linderman waard yn [[1869]] berne yn [[Cleveland (Ohio)|Cleveland]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Ohio]], as de soan fan James Bird Linderman en dy syn frou Mary Ann Brannan. Hy wie fan mingd [[Dútsers|Dútsk]], [[Ieren (folk)|Iersk]] en [[Ingelsen|Ingelsk]] [[etnyske groep|etnysk]] komôf. Linderman genoat syn [[ûnderwiis]] oan [[skoalle]]n yn [[Ohio]] en [[Illinois]], wêrûnder it [[Oberlin Kolleezje]] yn [[Oberlin (Ohio)]], foar't er yn [[1885]] mei sechstjin jier nei [[Montana]] ferfear.
 
Linderman sette him dêr nei wenjen oan 'e [[igge]] fan 'e [[Flathead-mar]], yn it noardwesten fan 'e steat, dêr't er de libbenswize fan 'e pleatslike [[Yndianen]] oannaam. Om harren better begripe te kinnen learde er himsels de [[Flakte-Yndiaanske gebeartetaalGebeartetaal]] oan, wêrmei't der de bynamme 'Gebeartesprekker' (''Sign-talker'') wûn. Fan [[1893]] oant [[1897]] wenne en wurke Linderman yn [[Butte (Montana)|Butte]], wêrnei't er ferskate jierren yn [[Brandon (Montana)|Brandon]] tahold. Omtrint [[1900]] ferhuze er nei [[Sheridan (Montana)|Sheridan]], dêr't er wurksum wie as û.m. [[analist]] fan [[metaal]]erts, ferkeaper fan [[meubulêr]] en [[sjoernalist]]. Ek wenne er skoften yn Demersville (no [[Kalispell (Montana)|Kalispell]]) en yn [[Helena (Montana)|Helena]].
 
Fan [[1903]] ôf fertsjintwurdige Linderman [[Madison County (Montana)|Madison County]] yn it [[Steatskongres fan Montana]]. Fan [[1905]] oant [[1907]] beklaaide er it amt fan [[steatssiktaris (Amerikaanske steaten)|ûndersteatssiktaris]]. Letter waard troch syn krewearjen yn [[1916]] it [[Rocky Boy's Yndianereservaat]] stifte foar de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]]- en [[Kry (folk)|Kry]]-Yndianen yn Montana. Yn [[1924]] besocht Linderman in sit yn 'e [[Amerikaanske Senaat]] te bemachtigjen. Hy wûn de [[foarferkiezings]] fan 'e [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]], mar ferlear neitiid by de eigentlike [[ferkiezings]] fan syn sittende [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske]] tsjinstanner [[Thomas J. Walsh]].