Migrêne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
LNo edit summary
Rigel 1:
{{Berjocht:Disclaimer medyske side}}
[[File:Migraine.jpg|right|thumb|250px|Ofbylding fan immen dy't migrêne hat.]]
'''Migrêne''' (fan it [[Latyn]]ske ''hemicrania'', "heale skedel", fia it [[Frânsk]]e ''migraine'') is in [[neurofaskulêr systeem|neuofaskulêreneurofaskulêre]] oandwaning wêrby't [[pine]]-oanfallen ûntsteane troch [[senuw|neurale]] prikelingsprikkelings dy't nei in hommelse tydlike fernauwing in ferwiding fan 'e [[bloedfet]]ten ta gefolch hat. Dat giet yn 'e regel mank mei in ekstreme klopjende [[pineholle]] dy't meastal mar oan ien kant fan 'e [[holle]] field wurdt (dêrfandinne de Latynske betsjutting fan 'e namme). Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de term 'migrêne' ornaris brûkt foar elts swiere foarm fan pineholle, mar [[genêskunde|medysk]] sjoen moat it ûnderskaat wurde fan [[klusterpineholle]] en [[spanningspineholle]]. By weromkearende migrêne-oanfallen wurdt men mei klam oanret om in [[dokter]] te riedplachtsjen, om't der [[medisinen|genêsmiddels]] besteane dy't previntyf wurkje of in oanfal bekoartsje kinne.
 
Migrêne kin lykwols ek dûbelsidich foarkomme, en sels as it inkelsidich is, sit de pine net by alle oanfallen oan deselde kant fan 'e holle. Der wurdt fierders ûnderskied makke tusken migrêne sûnder [[aura]] (twatrêde fan 'e gefallen) en migrêne wêrby't in aura waarnommen wurdt, oftewol oftalmyske of [[eachmigrêne]] (in trêde fan 'e gefallen). In migrênepasjint kin yn syn libben beide types fan 'e [[krupsje]] ûnderfine. Gewoane migrêne (sûnder aurawaarnimming) uteret him almeast as in swiere, klopjende pineholle, wêrby't de pasjint geregeldwei lêst hat fan [[mislikheid]] en [[opjaan (lichemsfunksje)|spuie]] moat. Ien migrêne-oanfal kin in pear oeren oant ferskate dagen oanhâlde. Faak komme yn ien famylje ferskate gefallen fan migrêne foar, wat tsjut op in [[genetika|erflike faktor]].