Brooklyn Chase: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 20:
Chase waard yn [[1986]] berne yn [[San Diego]], yn it suden fan 'e [[Amerikaanske steat]] [[Kalifornje]]. Nei eigen sizzen die se har earste [[geslachtsferkear|seksuële ûnderfining]] op doe't se fyftjin jier wie. Mei achttjin jier troude se mei har freon fan 'e [[middelbere skoalle]]. Foar't se by de [[porno]]yndustry belutsen rekke, wurke se as manager.
 
Yn [[2012]], doe't se 26 jier wie, makke se har debút yn in [[pornografyske film]]. Neffens de ''Internet Adult Film Database'' (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Wicked Pictures]]'', ''[[New Sensations (filmstudio)|New Sensations]]'', ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', ''[[Jules Jordan Video]]'', ''[[Zero Tolerance (filmstudio)|Zero Tolerance]]'', ''[[Digital Playground]]'', ''[[Elegant Angel]]'', ''[[Hustler Video]]'', ''[[Red Light District]]'', ''[[Devil's Film]]'' en ''[[Adam & Eve (bedriuw)|Adam & Eve]]''.
 
Ek hat Chase foar minder bekende studio's wurke, lykas ''[[Pure Play Media]]'', ''[[Third Degree Films]]'' en ''[[Digital Sin]]''. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar [[porno]]sites op it [[ynternet]], wêrûnder ''[[BangBros]]'', ''[[Naughty America]]'', ''[[Brazzers]]'' en ''[[Rachel Aziani|Aziani.com]]'', en hat se [[ynterrasiale pornografy]] dien foar de [[webside]] ''[[Blacks on Blondes'']]. Yn [[2015]] waard Chase nominearre foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[OskarOscar]]'' fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste aktrise, foar har rol yn 'e film ''Odd Jobs''. Njonken har aktearwurk hat se ek wol posearre foar [[neakenblêd]]en.
 
==Prizen en nominaasjes==