Tiffany Mynx: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 24:
Yn Los Angeles sette Mynx útein mei wurk as [[stripper]], om yn it ûnderhâld fan harsels en har soan te foarsjen. Har earste wurk foar de [[kamera]] wie yn in fideo foar it label ''[[Penthouse (tydskrift)|Penthouse]]'', dêr't se foar út 'e klean gie. Yn [[febrewaris]] [[1992]], doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn 'e [[pornografyske film]] ''The DJ'', foar de fulmstudio ''[[VCA Pictures]]''. Neffens de ''Internet Adult Film Database'' (IAFD) hat Mynx sûnt yn mear as 425 ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as ''[[Evil Angel (filmstudio)|Evil Angel]]'', ''[[Wicked Pictures]]'', ''[[Vivid Entertainment]]'', ''[[Adam & Eve (bedriuw)|Adam & Eve]]'', ''[[Hustler Video]]'', ''[[Red Light District]]'', ''[[Anabolic Video]]'', ''[[Elegant Angel]]'', ''[[Jules Jordan Video]]'' en ''[[Sin City (filmstudio)|Sin City]]''.
 
Ek hat hja wol foar minder bekende studio's wurke, wêrûnder ''[[Extreme Associates]]'' en ''[[West Coast Productions]]'', wylst hja sûnt likernôch [[2005]] ek in protte yn 't spier west hat foar [[porno]]sites op it [[ynternet]], lykas ''[[Brazzers]]'', ''[[Reality Kings]]'' en ''[[BlacksOnBlondes]]''. Begjin jierren njoggentich spile Mynx ek yn twa [[Jeropa|Jeropeeske]] films mei har kollega [[Sarah Young]], dy't makke waarden troch de [[Dútslân|Dútske]] produsint [[Sascha Alexander]]. Mei har aktearjen hat Mynx ferskate prizen binnenhelle. Sa wûn se yn [[1994]] de ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar]]'' fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste [[anale seks]]sêne foar har rol yn 'e film ''Sodomania 5: Euro/American Style'', en wûn se yn [[2007]] nochris in ''AVN Award'', diskear yn 'e kategory bêste match yn in sekssêne, tegearre mei akteur [[Manuel Ferrara]]. Fierders waard Mynx yn [[2001]] ynhuldige as lid fan 'e ''[[AVN Award|AVN Hall of Fame]]'', en twa jier letter as lid fan 'e ''[[XRCO Award|XRCO Hall of Fame]]''.
 
Njonken har aktearwurk hat Mynx fan [[1997]] oant [[2000]] ek as [[regisseur]] aktyf west, wêrby't hja sân films makke. Trije dêrfan (de ''Cheek to Cheek''-trilogy) waarden útbrocht troch ''[[Elegant Angel]]'', wylst trije oaren publisearre waarden troch Mynx har eigen produksjestudio's ''[[Tiffany Mynx Productions]]'' en ''[[Pagan Productions]]''. Foar de film ''Asswoman in Wonderland'' ([[1998]]) ûntwurp se ek in diel fan 'e kostúms. Behalven har beide produksjemaatskippijen runt Mynx ek har eigen [[webside]], ''TiffanyMynxOnline.com''. Fierders posearret se geregeldwei foar [[neakenblêd]]en, lykas ''[[Fox (tydskrift)|Fox]]'', ''[[Chéri (tydskrift)|Chéri]]'' en ''[[Club (tydskrift)|Club]]''.
 
===Priveelibben===