Mauritsius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
L [[]]
Rigel 20:
tillefoan = 230 |
}}
'''Mauritsius''' is in eilân en lân yn [[Afrika]], en it leit sa'n 855 km ten easten fanbeëasten [[Madagaskar]] yn de [[Yndyske Oseaan]]. De haadstêd is [[Port Louis]].
 
== Geografy ==
Rigel 27:
 
== Skiednis ==
Der binne oanwizings dat de [[Arabieren]] rûnom it jier 1000 hinne al fan it bestean fan it eilân ôfwisten. Fêst stiet dat de Portegezen yn it begjin fan de [[16e iuw]] op Mauritsius oan wâl kamen. Sy brûkten it eilân as tuskenstop op harren seereizen, mar festigen harren dêr net.
 
It eilân wie noch ûnbewenne, doe't yn [[1598]] foarsichtich kolonisearre waard troch de [[Feriene Eastyndyske Kompanjy]]. It eilân waard neamd nei [[Maurits fan Oranje|Prins Maurits]] grêve fan Nassau. Pas fan 1638 ôf waard it eilân echt as haven brûkt mei de bou fan it fort Freark Hindrik.<br />
De Nederlanners bouden dêr sûkerreid, wat noch altiten in belangryk eksportartikel fan it eilân is. Fierders brochten de Nederlanners dêr frjemde diersoarten as de geit, apen, [[rotten]] ensfh. De ynlânske [[dodo]] waard troch de Nederlanners folslein útrûge.
 
Om't it eilân yn 1695 troffen waard troch in swiere orkaan ferhuzen de Nederlanners harren koloanje nei de kaap. Yn [[1715]] waard Mauritsius kolonisearre troch de Frânsen, dy't it goed lizzen fûnen op harren rûte nei it Easten. Sy neamden it eilan Île de France.
 
Yn [[1810]] waard it troch de Ingelsen ferovere, dy't it wer 'Mauritius' neamden. By de [[Frede fan Parys]] yn [[1814]] waard it eilân offisjeel part fan [[Grut-Brittanje]]. Pas yn [[1968]] krige it eilân syn ûnôfhinklikens, alhoewol't it binnen it [[Britske Mienebest]] bleaun is.
 
<gallery>