Renêssânse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 95:
== Wittenskip ==
[[Ofbyld:Da_Vinci_Vitruve_Luc_Viatour.jpg|thumb|250px|right|[[Leonardo da Vinci]]'s Vitruvische Minske, in foarbyld fan de synteze fan keunst en wittenskip yn de Renêssânse]]
FóárFoar de Renêssânse wie de wittenskip sa goed as hielendal basearre op in relatyf lyts tal tradisjonele boeken en skriuwers. Dat wie yn it foarste plak (fansels) de [[bibel]], mar dêrneist ek in tal Grykske en Romeinske skriuwers lykas [[Plato]], [[Aristoteles]] en [[Galenus]]. It wurk fan dy wittenskippers wie it jaan fan kommentaren op dy boeken en it tapassen fan dy wurken op aktuele situaasjes.
 
De [[humanisten]] wiene de earste groep dy't har tsjin dat strakke [[korpus]] fersetten. Se brieken net mei de tradysje fan it jin basearjen op klassike wurken, mar stelden dat der op beskate punten flaters yn de oersetting út it [[Gryksk]] wei (of foar it [[Alde Testamint]] út it [[Hebriuwsk]] wei) nei it [[Latyn]] sieten. Om dat foar te kommen, moasten boarnen sa ticht mooglik by it orizjinele wurk rieplachte wurde. Lettere tafoegings en útlizzerij wiene lang sa wichtich net. Dêrneist woene de humanisten ek mear skriuwers en learde lju oan it standertwurk tafoegje.
 
Mar dêrDêr hold de fernijing yn de wittenskip net op. [[Andreas Vesalius]] snie sels yn liken foar ûndersyk fan de [[anatomy]] en kaam ta de konklúzje dat [[Galenus]] op beskate punten mis west hie. [[Nicolaus Copernicus|Copernicus]] yntrodusearre it [[Heliosintrisme|heliosintrysk wrâldbyld]]. [[Galileo Galilei|Galilei]] brûkte de [[teleskoop (optika)|teleskoop]] om mear oer de himel oan de weet te kommen. [[Kartografy|Kartograven]] makken kaarten sekuerder as dy fan [[Ptolemaeus]], en lieten it yn de âldheid ûnbekende [[wrâlddiel]] Amearika sjen.
 
Stadichoan kaam it besef dat de lju de kennis út de Aldheid dêr't se sa mei bewûndering by opsjoen hiene oan it ynheljen wiene. Dat stimulearre it selsbetrouwen en de selsbewustens fan de ûndersikers fiks en se begûnen entûsjast hieltyd faker de sa as foarfêst leaude 'wierheden' fan de autoriteiten út de antike kultuer yn twifel te lûken en op wierheid nei te gean. En sa groeide ein [[16e iuw]], begjin [[17e iuw]] it besef by de wittenskippers dat net kontemplaasje op de histoaryske grutheden fan it fakgebiet, mar eigen observaasje en ekspearimint de kaai wiene ta kennis. De [[moderne wittenskip]] wie berne.