Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Cervates_jauregui.jpg ferfange troch Cervantes_Jáuregui.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: File renaming criterion #3: T
Rigel 32:
 
Troch de ynfloed fan [[Gaspar de Guzmán, greve-hartoch fan Olivares]], waard Jáuregui beneamd ta [[keamerhear]] fan 'e Spaanske kening [[Filips IV fan Spanje|Filips IV]]. Yn [[1624]] fierde er mei syn ''Discurso Poético contra el Hablar Culto y Oscuro'' ("Dichterlik Traktaat tsjin it Kultyske en Obskuere Geëamel") in kundige oanfal út op 'e nije styl, wylst er dêrby teffens syn eigen artistike ideeën út 'e doeken die. Dat smiet him it lidmaatskip fan 'e [[Oarder fan Calatrava]] op, in keninklike ûnderskieding. Lykwols is it dúdlik dat er troch de fûleindige polemyk wat út 'e stokken rekke wie, want út syn ''Orfeo'' (ek út 1624) blykt dúdlik de ynfloed fan Góngora.
[[File:CervatesCervantes jaureguiJáuregui.jpg|right|thumb|200px|Portret fan [[Miguel de Cervantes|Cervantes]] troch Jáuregui.]]
 
Jáuregui stoar yn 'e Spaanske haadstêd [[Madrid]], yn jannewaris [[1641]]. Hy liet in oersetting fan 'e ''Pharsalia'' fan 'e Romeinsk dichter [[Lukanus]] nei, dy't pas yn [[1684]] útjûn waard. Ut dy fertaling docht bliken dat Jáuregui úteinlik alhiel bekeard waard ta de nije dichtstyl, en men wol wol hawwe dat er troch de likenissen tusken Lukanus en Góngora te fergrutsjen (dy't allebeide berne wiene yn [[Kordoba]]), mei opsetsin de fersen fan 'e iere dichter yn 'e styl fan 'e lettere master getten hat. Dat is mooglik, mar it kin fansels likegoed wêze dat Jáuregui syn tajaan oan 'e populêrste dichtstyl fan syn tiid in ûnbewust proses wie dat him ûngemurken bekroep.