Man (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 26:
[[Ofbyld:Lânkaart_fan_man.gif|left|thumbnail]]
 
Man leit tusken 54º en 55º noarderbreedte en tusken 4º en 5º westerlingte yn de [[Ierske See]]. It is likernôch 48 km lang fan noard nei súd en fan 13 oant 24 km breed fan west nei east. It grûnoerflak fan it eilân is likernôch 572 km².
 
Yn it súdwesten en it noarden fan it eilân lizze twa heuvelrêgen. De iennichste berch op it eilân is de 621 meter hege [[Snaefell]], yn it noardeasten. Neffens in âlde Mankske siswize kin men fan ’e top dêrfan sân keninkriken lizzen sjen: Man, [[Skotlân]], [[Ingelân]], [[Ierlân]], [[Wales]], de Himel en dat fan Neptunus. Tusken de beide heuvelrêgen troch rint in sintrale delling fan ’e westkust oant ’e eastkust. Oan ’e eastlike ein dêrfan, leit [[Douglas]] (Manksk: Doolish), de haadstêd fan Man. It uterste noarden fan it eilân bestiet út in marine sedimintaasjeflakte.