Ferdrach oangeande de Jeropeeske Uny: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|De ûndertekening fan it [[Ferdrach fan Lissabon op 13 desimber 2007.]] It '''Ferdrach oangeande de Europeeske Uny''' ('''...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 jul 2016 om 17.15

It Ferdrach oangeande de Europeeske Uny (EU-ferdrach) is it oprjochtingsferdrach fan de Europeeske Uny (EU). Mei it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny foarmet it de grûnslach fan it polityk systeem fan de EU. De ferdraggen wurde soms ek wol oantsjut as de Europeeske grûnwet, mar binne formeel neat oars as ferdraggen tusken de EU-lidsteaten.

De ûndertekening fan it Ferdrach fan Lissabon op 13 desimber 2007.

It EU-ferdrach waard op 7 febrewaris 1992 yn Maastricht besletten en is dêrom yn syn oarspronklike ferzje ek as it Ferdrach fan Maastricht bekend wurden. Der kamen letter wizigingen op it ferdrach, nammentlik troch:

Yn it EU-ferdrach steane 55 artikelen dy't benammen bepalingen oer de demokratyske grûnslach, de EU-ynstellingen en it Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied. Yn it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny is de wiidweidige ymplemintaasje fan it EU-ferdrach regele. Beide ferdraggen jilde juridysk as like swier en se folje elkoar oan. It plan om in Ferdrach oer de Europeeske Grûnwet te besluten mislearre yn 2005 troch referinda yn Frankryk en Nederlân dêr’t in mearderheid tsjin in Europeeske grûnwet wie.

It EU-ferdrach is yn alle 24 wurktalen fan de Europeeske Uny skreaun en yn elke taalferzje like binend. Dêrneist is de tekst yntegraal yn ’t Frysk oerset.

Keppeling om utens