Pieter Duijff: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
L +bertedatum
Rigel 6:
| echte namme = Pieter Duijff
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]sk
| berne = [[19 novimber]] [[1957]]
| berteplak = [[Rinsumageast]] ([[Fryslân]])
| stoarn =
Rigel 22:
| webside = ''gjint''
}}
'''Pieter Duijff''' ([[Rinsumageast]], [[19 novimber]] [[1957]])<ref>[http://www.duijff.nl/stamboom/duitsland/familienbuch.html Bertedatum fan Pieter Duijff]</ref> is in [[Fryslân|Frysk]] [[taalkundige]], [[wurdboek]]gearstaller, [[publisist]] en [[resinsint]] dy't wurksum is by de [[Fryske Akademy]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. By syn wurk leit er him foar in wichtich part ta op it [[Stedsk]] en de [[dialekt|ûnderdialekten]] dêrfan. Sa hat er yn [[1998]] it boek ''Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten'' gearstald, en skreau er yn [[2002]] it boekje ''Fries en Stadsfries'' foar de rige ''Taal in Stad en Land'' fan 'e [[De Haach|Haachske]] [[útjouwerij]] ''[[Sdu Uitgevers]]''. Dêrnjonken wie Duijff ek ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan it ''[[Juridysk Wurdboek Nederlânsk-Frysk]]'', yn [[2000]], dêr't trouwens in [[Frysk]]-[[Nederlânsk]]e yndeks by ynsit, en hied er mei [[Frits van der Kuip]] de einredaksje fan it ''[[Frysk Hânwurdboek]]'', dat yn [[2008]] reekaam.
 
Duijff is fierders ek aktyf as kritikus fan û.m. [[Fryske literatuer]] en [[Frysk]]e [[film]]s. Sa hat er wurk fan [[skriuwer]]s as [[Rink van der Velde]], [[Trinus Riemersma]], [[G. Willem Abma]] en [[Meindert Bijlsma]] resinsearre, en teffens de útjeften fan 'e [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] yn it algemien. Faak giet it datoangeande by Duijff likefolle of mear oer it [[taal]]gebrûk as oer de [[literatuer|literêre]] wearde fan it oangeande wurk. Duijff beheint himsels ek net ta modern wurk, mar hat bygelyks yn [[1993]] ek in skôging skreaun oer ''De Hoara's fan Hastings'', fan [[Simke Kloosterman]] ([[1876]]-[[1938]]).
Rigel 35:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
* [http://katalogus.tresoar.nl/DB=1/SET=12/TTL=71/NXT?FRST=1 Pieter Duijff] yn it digitaal argyf fan [[Tresoar]].
* [http://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=duij017 Pieter Duijff yn de [[DBNL]]]