Lillian Stewart Carl: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ynfoboks |
L +bertedatum en -plak |
||
Rigel 6:
| echte namme = Lillian Stewart Carl
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| berne = [[22 juny]] [[1949]]
| berteplak =
| stoarn =
| stjerplak =
Rigel 22:
| webside = [http://www.lillianstewartcarl.com www.lillianstewartcarl.com]
}}
'''Lillian Stewart Carl''' ([[Columbia (Missoury)|Columbia]], [[22 juny]] [[1949]]) is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[skriuwster]] fan santjin [[roman|romans]] en in grut al [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] en [[essay|essays]]. Har [[fiksje]] heart ta de [[science fiction]]-, [[fantasy (sjenre)|fantasy]]- en [[detektiveferhaal|detektive]]sjenres. Dêrby wurket se in protte yn 'e ''[[romantic suspense]]''- en ''[[paranormal romance]]''-subsjenres, dy't detektiveferhalen, resp. fantasy kruse mei romantyk.
==Libben==
Carl waard yn [[1949]] berne as Lillian Stewart
Nei har studintetiid sette Carl har nei wenjen yn noardlik Teksas en wurke se as yngenieursassistinte, bibletekaresse, krantekollemniste en universitêr skiednisdosinte. Ek mette se [[geofysika|geofysikus]] Paul Carl, mei wa't se troude. Underwilens gie se troch mei skriuwen, earst poer út aardichheid, letter foar fanmagazines. Yn [[1982]] publisearre se har earste (betelle) koarte ferhaal, ''The Borders of Sabazel'', yn 'e ferhalebondel ''Amazons II'', by [[útjouwerij]] ''[[DAW Books]]''. Sawol sysels as Lois McMaster Bujold wolle hawwe dat sûnder Carl har oantrún en help Bujold har karriêre as skriuwster nea wat wurden wêze soe. Uteinlik soe Bujold, dy't ien fan 'e bekendste science fiction- en fantasyskriuwsters fan 'e wrâld wurden is, har kammeraatske fier foarbystribje. Bujold droech út tank har twadde boek, ''[[The Warrior's Apprentice]]'', oan Carl op, en Carl skreau yn [[2008]] tegearre mei [[John Helfers]] foar útjouwerij ''[[Baen Books]]'' ''The Vorkosigan Companion'', in boek dat de lêzer de helpende hân biedt om him/har paadwiis te meitsjen yn 'e wrâld fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan Bujold har rige de [[Vorkosigan-kroniken|''Vorkosigan''-kroniken]]. Mei de ''The Vorkosigan Companion'' sleepte Carl yn [[2009]] in nominaasje foar in ''[[Hugo Award]]'' yn 'e wacht yn 'e kategory bêste oanbesibbe wurk. Behalven mei Lois McMaster Bujold is Carl ek tige befreone mei har kollega [[Patricia Wrede]].
|