Tiny Mulder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 4:
As bern wenne hja lange tiid yn [[Assen]], mar doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei [[Drachten]]. Dêr learde Tiny [[Frysk]] praten, foar it lêzen en skriuwen folge sy in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.
 
Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de [[Twadde Wrâldoarloch]] út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan [[Smellingerlân]] en letter op it distribúsjekantoar, dêr't [[Pieter Wybenga]] har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Dêr hoegde hja net lang oer nei te tinken en as fersetsfrou holp se [[Alliearden|alliearde]] piloaten en socht se ûnderdûkadressen foar [[Joaden|joadske]] minsken. Se krige de [[Medal of Freedom]] ûnderskieding mei Silver Palm yn [[1946]] fan de Amerikaanske regeaeringregearing. Fan Ingelân krige hja de 'King's Medal for Courage in the Cause of Freedom'. Ek de âlden fan Tiny Mulder hawwe postúm de [[Yad Vashem ûnderskieding]] takend krigen yn [[2010]].
 
Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it [[Friesch Dagblad]]. Dêr hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn [[Ingelân]] en [[Skotlân]], letter hat hja dêrfoar ek noch reizge troch [[Amearika]], [[Kanada]] en [[Denemark]]. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern. Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.