Hunnen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ kou
LNo edit summary
Rigel 5:
De Hunnen waarden fanâlds sjoen as it folk dat iuwen foardat sy yn Jeropa ferskynden troch de Sinezen de [[Xiongnu]] (yn âlde transkripsjes ''Hsiung-nu'') neamd waarden en dy't it [[Sineeske Ryk]] bedrige hawwe.
 
Wierskynlik foarmen de Hunnen yn it begjin gjin homogene groep, mar wie in groep fan ferskate folken dy't allegearre deselde hearser hienen. De nammen fan in oantal hearskers binne bekend fan likernôch [[300 f. Kr.]] ôf en neffens de [[Sina|Sineeske]] skriften al sûnt [[1800 f. Kr.]]
 
=== De Swarte Hunnen ===
Rigel 13:
 
=== Oermachtich yn Jeropa ===
[[Ofbyld:Huns empire.png|left|thumb|300px|It Ryk fan de Hunnen ûnder kening Attila om 450]]
Under kening [[Attila]] waarden de Hunnen in skoftlang it machtigste folk fan Jeropa. Attila wreide syn leger út mei ferskate ûnderwurpen folken en stifte in ryk yn Midden-Jeropa, mei as machtssintrum de Romeinske provinsje [[Pannoanje]] (no [[Hongarije]]). Syn ryk rûn fan de [[Kaukasus]] oant de [[Ryn]]. Attila stjoerde syn leger troch hiel Jeropa op rôftocht, faak yn it Romeinske Ryk en feroarsake oeral panyk. Yn [[451]] waard Attila lykwols yn in grutte slach ferslein troch in leger besteande út Romeinen, [[Franken]] en [[Fisigoaten]] ûnder lieding fan de Romeinske generaal [[Aetius|Flavius Aetius]]. De slach wie yn [[Galje]] en wurdt de [[Slach op de Katalaunyske fjilden]] neamd. De Hunnen waarden net ferneatige en foelen út wraak [[Rome (stêd)|Rome]] oan, mar wierskynlik fanwege in sykte yn syn leger moast Atilla ôfheakje .