Ferskil tusken ferzjes fan "Reboelje"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
→‎Skiednis: Edited wrong content
L (of)
(→‎Skiednis: Edited wrong content)
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
 
==Skiednis==
De groep ûntstie doe't Rommert Reitsma, Durk Hogendorp en Tiede Lanting yn kontakt kamen mei [[Marius de Boer]] en Tsjerk Bootsma. De freonegroep oefene by boer LoadsmaBootsma yn [[Kûbaard]] en einige op in talintejacht yn Assen op in dield earste plak. Troch de priis, in dei studiotiid, koe de groep fjouwer nûmers op kassette opnimme mei de titel 'Yn In Sabeare Wrâld'. Se treden in soad op, lykas by [[Aaipop]] en yn [[1989]] kamen hja mei de earste CD: ''Skepper fan de Skepper''.
 
De groep waard lannelik net sa populêr, mar hie wol sukses mei optredens yn Frankryk en Ingelân. Yn [[1994]] waard de CD 'Medusa' presintearre mei in toanielopfiering mei swalkers, dwazen en pylgrims. Yn [[1996]] folge de earste folsleine muzykteaterproduksje: 'De Brulloft'. Dit projekt omfieme film, dia’s, muzyk, toaniel en teater. Yn [[1999]] spile de groep tegearre mei [[Femmes Vattaal]] op [[Oerol]], yn [[2001]] spilen hja tegearre op [[Toerismo]].
Anonime meidogger