Teodoarik de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der Itaalje fan makke, en wat oare skriuwflaters
No edit summary
Rigel 1:
'''Theodorik de Grutte''' (likernôch [[451]]-[[526]]) wie kening fan de [[Ostrogoaten]]. Nei de dea fan syn heit [[Thiudimir]] yn [[474]] nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] wie hy generaal en dizze beneamde him yn [[484]] ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy [[Itaalje]] en stifte der in [[OstragoatyskOstrogoatysk ryk]]. Hy besocht de [[Romeinen|Romeinske]] befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong [[Germanen|Germaansk]] folk, mar slagge der net yn.
 
== Jonge jieren ==
Rigel 5:
 
== De Ostrogoaten oermasterje Itaalje ==
[[Ofbyld:Ostrogothic Kingdom.png|left|thumb|300px|OstragoatyskOstrogoatysk Ryk yn Itaalje]]
Yn [[476]] hie it [[Germanen|Germaanske]] [[haadling|stamhaad]] [[Odoaker]] de lêste West[[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[keizer]] ôfsetten en himsels as kening fan Itaalje ûtroppen. Dizze Odoaker stjoerde de keizerlike [[regalia|tekens]] nei de keizer fan it easten [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] yn [[Konstantinopel]], wermei Odoaker him feitlik deljoech oan Zeno. It westlik diel fan it Romeinske ryk krieg gjin nije keizer en hâlde op te bestean.
 
De relaasje tusken Odoaker en keizer Zeno gong lykwols hurd efterút en de keizer besocht Odoaker fuort te krijen. Fierder hie Zeno ek syn bekomst fan de OstragoatenOstrogoaten yn syn ryk en dêrom joech hy yn [[488]] opdracht oan Theodorik om mei syn kriichsmacht Itaalje yn te fallen. Theodorik besocht it ferskate kearen, mar waard hieltyd fuort dreaun troch de legers fan Odoaker. Lang om let krige hy it toch foar mekoar om fêste fuot te krijen yn Itaalje. Diskear slagge hy deryn om de troepen fan Odoaker te ferslaan, foar it earst yn augustus, oan de [[slach oan de Isonzo|Isonzo]], en letter, yn septimber by [[slach by Verona (489)|Verona]]. Lang om let oermastere Theodorik yn [[493]] de haadstêd [[Ravenna]] en makke in ein oan de macht fan Odoaker. Persoanlik brocht hy Odoaker om it libben.
 
Doe't Theodorik Odoaker ferlein hie, stifte hy sels in keninkryk yn Itaalje. Dit ryk strekke har út fan [[Sisylje]] oan [[Panonnia]]. Nettsjinsteande syn Germaanske ôfkomst waard Theodorik sawol troch de [[Romeinen]] as de Goaten as kening erkend. Yn Theodorik syn ryk libbe elts folk ûnder har eigen wetten.