Petrus (apostel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L →‎Ferearing: Petrusgrab Petersdom b.jpg
Rigel 18:
It [[Adikulamonumint]] wurdt ornaris sjoen as it grêfmonumint fan de apostel Petrus. Dizze stien is lykwols troch keizer [[Kaligula]] út it Egyptyske [[Heliopolis]] plondere en yn it Sirkus delsetten. De opskriften dy't yn de read-graniten stien beitele binne, binne der ynset ta eare fan de Romeinske keizers [[Augustus Oktavianus]] en [[Tiberius]].
 
[[Ofbyld:TombPetrusgrab ofPetersdom Petrus 2b.jpg|thumb|right|De tombe fan Petrus.]]
Yn Petrus syn tiid waard it lichem ornaris flakby de eksekúsje begroeven. Dat is ek bard mei it lichem fan Petrus. Al gau is der in lyts monumintsje delsetten as werkenning foar de pylgers dy’t it grêf besykje woenen, en om foar te kommen dat it grêfmonuminten dy't yn dy tiid boud waarden foar rike boarchers, it grêf ûnberikber meitsje soenen. Troch [[Konstantyn de Grutte|keizer Konstantijn]] is der de earste [[Sint-Piter]]s basilyk boud, dy’t oant de [[16e iuw]] stien hat. Boppe-op het grêf is it alter setten. De Sint-Piter fan no is op it selde plak boud. By renovaasjewurk yn de jierren '30 fan de 20e iuw is it grêf fan Petrus iepene. Yn dat grêf lei in ridlik goed bewarre skelet fan in stevich boude man fan in jier of 60-70. Algemien giet men der fan út dat dit de stoffelike resten binne fan de Joadske fisker Simon, de apostel fan Jezus.