Houlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nije side
L + ynfo fan dûbele side
Rigel 1:
[[File:Wedding rings.jpg|right|thumb|250px|In pear [[trouring]]en.]]
[[File:Wedding rings.jpg|right|thumb|250px|In pear'''houlik''' [[trouring]]en.]]Inof '''houlikboask''' is in [[maatskippij|maatskiplik]] of [[ritueel]] erkende feriening fan twa [[minske]]n dy't dêrby ûnthjitte om harren fierdere libben mei-inoar te dielen. Faak is hjirby sprake fan in [[wet]]lik binend kontrakt wêryn't de rjochten en plichten fêstlein binne fan 'e houlikspartners foarinoaroer en foar harren [[bern (persoan)|bern]] en skoanfamylje oer. De krekte definysje fan in houlik ferskilt per [[kultuer]], mar yn prinsipe giet it hjirby om in ynterpersoanlike relaasje wêrby't [[geslachtsferkear]] tastien, ferwachte of sels ferplichte is. Yn guon kultueren is it houlik de iennichste tastiene kontekst foar it bedriuwen fan geslachtsferkear. It houlik foarmet yn frijwol alle kultueren de grûnslach fan 'e húshâldings en dêrmei de hoekstien fan 'e maatskippij.
 
Fan âlds wiene de beide houlikspartners in [[man (sekse)|man]], de '''brêgeman''' of '''breugeman''', en in [[frou]], de '''breid''', dy't teagearre it '''breidspear''' foarmen. Sûnt de ynfiering fan it [[homohoulik]] yn guon lannen, oan it begjin fan 'e [[ienentweintichste iuw]], kin it ek om twa manlju of twa froulju gean. It oangean fan houliken mei ferskillende houlikspartners tagelyk, oftewol [[polygamy]] (fan ien man mei mear as ien frou tagelyk), is legaal yn grutte dielen fan it [[Midden-Easten]], [[Afrika]], [[Súd-Aazje]] en [[Súdeast-Aazje]]. [[Polyandry]], in houlik fan ien frou mei mear as ien man tagelyk, komt folle minder foar. Yn 'e Westerske wrâld is it ferbean om mei mear as ien persoan tagelyk troud te wêzen; dit wurdt [[bigamy]] neamd en wurdt beskôge as in [[misdriuw]].
Line 5 ⟶ 6:
De redens dy't minsken hawwe om te trouwen, kinne fan [[rjocht|juridysk]], [[maatskippij|maatskiplik]], [[jild|finansjeel]] of [[religy|religieus]] aard wêze. Yn 'e Westerske wrâld trout men tsjintwurdich meast út [[leafde]], mar yn 'e rest fan 'e wrâld komt dat in stik minder foar. Yn guon dielen fan 'e wrâld wurdt troch de âldelju bepaald wa't de houlikspartner fan harren bern wurdt. Yn dy kontekst fine faak rare útwaaksen plak, lykas [[bernehoulik]]en, [[twongen houlik]]en en [[ferkrêfting binnen it houlik]]. Yn in grut diel fan 'e wrâld is de man noch altyd de dominante partner yn in houlik, wylst de frou net folle yn te bringen hat.
 
Der moat ûnderskie makke wurde tusken it [[tsjerklik houlik]], dat sletten en erkend wurdt troch in [[religy|religieuze]] autoriteit, en it [[boargerlik houlik]], dat sletten en erkend wurdt troch de [[lân|steat]] wêryn't men wennet. Guon lannen, dy't gjin [[skieding tusken tsjerke en steat]] hawwe, kenne it boargerlik houlik net en erkenne útslutend religieuze houliken. Dat is bygelyks it gefal yn [[Israel]], dêr't net-leauwige persoanen net trouwe kinne en tradysjoneel útwike nei [[Syprus]]. De eigentlik sluting fan in houlik (en it dêrmei faak mank geande feest) hjit de [[brulloft]]. Neffens it [[Sintraal Buro foar Statistyk|CBS]] waarden der yn [[Nederlân]] yn [[2007]] 72.485 houliken sletten, wêrûnder fan 1.371 homohouliken en 5.333 fan Nederlanners yn it bûtenlân.
 
{{boarnen|boarnefernijing=