Brulloft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
klassike troufoto
Rigel 3:
 
==Brulloften yn Fryslân==
[[File:Boda principios S XX.jpg|thumb|Alderwetske troufoto. Spanje, 1935]]
Yn [[Fryslân]] bestiet in trouwerij ornaris út 'e folgjende ûnderdielen:
*It harsels oanklaaien fan it breidspear. De brêgeman draacht ornaris in [[swart]] of [[griis]] [[trijedielich pak]] (dat yn it ferline faak hierd wie) mei in [[wyt]] [[oerhimd]] derûnder en in dûnkerkleurige [[strik (klean)|strik]] of [[flinterstrik]]. Foarhinne hearden dêr ek in swarte [[hege hoed]] en in pear tinne wite of grize [[wanten]] by. De breid is klaaid yn 'e [[breidsjurk]], in djoere ankellange [[jûpe]] mei in [[sleep (jurk)|sleep]] en in [[wale]], dy't tradysjoneel [[wyt]] fan [[kleur]] is. Fan oarsprong mocht in wite jurk inkeld droegen wurde troch in breid dy't noch nea [[seksuële omgong]] mei in man hân hie, mar dêr lûkt tsjintwurdich nimmen him mear wat fan oan. In oar tradysjoneel gebrûk is dat de brêgeman de breidsjurk net foar de troudei sjen mei, en ek de breid sels mei er ien of twa dagen foarôfgeande oan 'e trouwerij net sjen. It ferbrekken fan dat gebrûk soe [[ûngelok]] bringe.