Brulloft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
klassike troufoto
L red
Rigel 3:
 
==Brulloften yn Fryslân==
[[File:Boda principios S XX.jpg|thumb|Alderwetske troufoto. Spanje, 1935]]
Yn [[Fryslân]] bestiet in trouwerij ornaris út 'e folgjende ûnderdielen:
*It harsels oanklaaien fan it breidspear. De brêgeman draacht ornaris in [[swart]] of [[griis]] [[trijedielich pak]] (dat yn it ferline faak hierd wie) mei in [[wyt]] [[oerhimd]] derûnder en in dûnkerkleurige [[strik (klean)|strik]] of [[flinterstrik]]. Foarhinne hearden dêr ek in swarte [[hege hoed]] en in pear tinne wite of grize [[wanten]] by. De breid is klaaid yn 'e [[breidsjurk]], in djoere ankellange [[jûpe]] mei in [[sleep (jurk)|sleep]] en in [[wale]], dy't tradysjoneel [[wyt]] fan [[kleur]] is. Fan oarsprong mocht in wite jurk inkeld droegen wurde troch in breid dy't noch nea [[seksuële omgong]] mei in man hân hie, mar dêr lûkt tsjintwurdich nimmen him mear wat fan oan. In oar tradysjoneel gebrûk is dat de brêgeman de breidsjurk net foar de troudei sjen mei, en ek de breid sels mei er ien of twa dagen foarôfgeande oan 'e trouwerij net sjen. It ferbrekken fan dat gebrûk soe [[ûngelok]] bringe.
Line 9 ⟶ 8:
*De (ferplichte) sluting fan in [[wet]]lik, [[boargerlik houlik]] troch in dêrta machtige [[gemeente (bestjoer)|gemeentlik]] [[amtner]]. Dit fynt ornaris op it [[gemeentehûs]] fan 'e oangeande [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] plak, al wurdt soks tsjintwurdich almar mear dien op in oare, mear pittoreske (mar wol troch de gemeente goedkarde) lokaasje.
*De (opsjonele) sluting fan in [[tsjerklik houlik]] (of in houlik neffens in oare [[godstsjinst]]), troch in [[predikant]] of oare foargonger ûnder in [[religy|religieuze plechtichheid]] yn in [[tsjerke]] of in oar [[godshûs]]. Hjirby wurde de [[trou-ûnthjit]]ten útsprutsen en de [[trouring]]en útwiksele. De plechtichheid einiget mei it optillen troch de brêgeman fan 'e wale fan 'e breid sadat er har [[tút]]sje kin. As it breidspear net [[godstsjinst|leauwich]] is, ferfalt it tsjerklik houlik en wurdt fan 'e sluting fan it boargerlik houlik meastal in wiidweidiger plechtichheid makke mei it útwikseljen fan trou-ûnthjitten, ringen en tút.
[[File:Boda principios S XX.jpg|thumb|Alderwetske troufoto. Spanje, 1935.]]
*In feestlik gastmiel foar it breidspear en de neiste famyljeleden en freonen, wêrby't faak troch de âlden of de tsjûgen ien of mear [[taspraak|tapraken]] holden wurde. Tsjintwurdich wurdt hjirby faak in [[breidstaart]] oansnien, wat in nij gebrûk is, dat oerwaaid is út [[Hollân]] en dêrhinne út 'e [[Feriene Steaten]].
*In resepsje mei oanslutend in feest (de eigentlike brulloft), dy't yn 'e regel op 'e jûn holden wurdt. Dêrby ûntfangt it breidspear net inkeld de neiste famyljeleden en freonen, mar ek minder goede freonen, buorlju, kollega's, sakerelaasjes en oare kunde, dy't útnûge binne fia it ferstjoeren fan [[troukaart]]en. Under de brulloft wurde der faak [[foardracht]]en en taspraken holden, [[sketch]]es opfierd en [[liet|ferskes]] songen troch famylje en freonen, wêrby't de libbensrin fan breid en brêgeman yngeand beljochte en op mylde wize bespot wurdt. Letter op 'e jûn is der ornaris ''live''-[[muzyk]] en kin der [[dûns]]e wurde. Oan 'e ein fan 'e jûn wurdt it [[blomstik]] dat de breid de hiele dei by har droegen hat, it saneamde [[breidsboeket]], troch har oer har [[rjochterskouder]] nei efteren smiten nei in groep dy't alle jonge, net-troude froulike gasten omfiemet; wa't it boeket fangt, is neffens de tradysje de folgjende dy't trouwe sil. Ek dit gebrûk fynt syn oarsprong yn 'e [[Feriene Steaten]], en kaam oarspronklik yn Fryslân net foar.