Ferskil tusken ferzjes fan "Alde Egypte"

f.Kr./n.Kr.
(+kaart)
(f.Kr./n.Kr.)
[[Ofbyld:Ancient Egypt map-en.svg|thumb|Kaart fan it Alde Egypte mei alle grutte plakken út it Dynasty-tiidrek (3150 f.Kr oant 30 f.Kr).]]
 
It '''âlde Egypte''' kin yn ferskate skiften ûnderskieden wurde, fan 3200 f.Kr. oant de ferovering fan Egypte troch [[Aleksander de Grutte]] yn 332 f. Kr. It tiidrek fan it âlde Egypte omfiemet likernôch 3000 jier. Nei de oermastering fan de Masedoanjers wiene de Hellentyske Ptolematyske Keningen oant 30 f.Kr. de nije [[Farao]]'s fan Egypte.
 
== Skiednis ==
De earste bewenners festigen har foar 5.000 f. Kr. as boeren op de ouwers fan de [[Nyl]]. Yn de twa millennia dêrnei bouden sy delsettings dy't harren ta doarpen ûntwikkele en ferfolgens ta steden, dy't lykas [[Hierakonpolis]] en [[Nakwada]] inkele tûzenen ynwenners telden. Lokale keningen hearsken oer de befolking, dy't ferdield wienen yn stammen. Dy hearskers kleemden oer boppenatuerlike krêften te beskikken. Eltse stêd hie syn eigen godheid; sa beskerme de falkgod Hoarus de ynwenners fan Hierakonpolis.
 
Om 3500 f. Kr. begûnen de hearskers elkoar te bestriden en foelen oanswettende gebieten oan, om gruttere riken te foarmjen. Stadichoan ferienigen dy riken har, oant der mar twa keninkriken oerbleaun wiene: [[Boppe-Egypte]] yn it suden en [[Under-Egypte]] yn it noarden.
 
== List fan dynastiën ==
17.651

bewurkings