Ferskil tusken ferzjes fan "Aleksanderje"

f.Kr./n.Kr.
(omstav.)
(f.Kr./n.Kr.)
'''Aleksandrje''' of '''Aleksanderje''' ([[Arabysk]]: الإسكندرية / ''al-ʼIskandariyyah''; [[Ald-Gryksk]]: ''̉Αλεξάνδρεια'') is in stêd yn it noarden fan [[Egypte]], oan de [[Midlânske See]] en de op ien nei grutste stêd fan dat lân. It leit oan de noardwestpunt fan de [[Nyl]]delta.
 
De stêd is ferneamd nei [[Aleksander de Grutte]], dy't in wrâldryk festige dêr't ek Egypte part fan wie. Fanwege Aleksander boude de Grykske [[arsjitekt]] [[Dinokrates]] om-ende-by 330 f. Kr. de stêd. Aleksandrje wie ien fan de protte stêden dy't yn opdracht fan Aleksander stifte waarden en allegearre nei him ferneamd.
 
Tsjintwurdich is Aleksandrje in grutte stêd mei in [[befolking]] fan om-ende-by 4 miljoen ynwenners. Der is in wichtige gemyske yndustry festige mei ferskate technologyske bedriuwen. Yn de simmer komme in soad begoedige Egyptenaren nei de stêd fanwege it relative koele en noflike seeklimaat.
 
== Berne yn Aleksandrje ==
* [[Euclides fan Alexandrië]] ([[3e iuw f. Kr.]]), wiskundige en filosoof
* [[Konstantínos Kaváfis]] (1863-1933), Gryksk dichter
* [[Filippo Marinetti]] (1876-1944), stifter en foaroanman fan it [[futurisme]]
17.651

bewurkings