Armeenje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 40:
 
[[Ofbyld:Haghpat-Nshan.jpg|left|thumb|200px|Haggat kleaster út de 13e iuw]]
Ynearsten waard it gebiet bewenne troch Kaukasyske [[Albanezen]] en [[Skyten]] yn de [[9e iuw f. Kr.]]. Dêrnei hearske de [[Meden]] dy't troch de [[Achaemeniden]] om [[550 f. Kr.]] ferslein waarden. Yn [[330 f. Kr.]] oerweldige [[Aleksander de Grutte]] op syn beurt de Achaemeniden. Nei it tiidrek fan de Grykske [[Seleusiden]] (dy't de gebieten fan Aleksander urven) ûntstie der in ier ûnôfhinklik keninkryk Armeenje dat fan 190 f. Kr. oant de [[8e iuw]] bestean soe, oant de [[Arabieren]] der in ein oan makken. Yn de [[11e iuw]] waarden de Seljuk Turken de oerhearskjende macht. Yn de [[13e iuw|13e]] – [[14e iuw]] hie it gebiet te krijen mei ynvaazjes troch Mongoal-Tartaren. It grutste part fan it lân waard ferwoaste en in soad [[Armeenjers]] flechten nei it westen, dêr't sy it keninkryk [[Silisysk Armeenje]] stiften. It lêste Armeenske Ryk, ûnder it bestjoer fan de Rubenianen, wurke gear mei de Krúsfarders.
 
Yn de [[15e iuw]] waard Armeenje opdield troch [[Perzje]] en it [[Ottomaanske Ryk]]. Yn de [[19e iuw]] kaam it grutste part ûnder bewâld fan it [[Russyske Ryk]] fan de tsaren. Nei de [[Earste Wrâldkriich]] makke Armeenje mei [[Georgje]] en [[Azerbeidzjan]] part út fan de [[Kaukasyske Federaasje]]. Tusken [[1918]] oant [[1920]] wienen dizze trije lannen ûnôfhinklik. Armeenje ward yn dy tiid oantsjutten as de [[Demokratyske Republyk Armeenje]]. Yn [[1920]] makke it [[Reade Leger]] fan de [[Sowjet Uny]] in ein oan de ûnôfhinklikens en kaam Armeenje by de Sowjet Uny.
Rigel 59:
 
=== Godstsjinst ===
De wichtichste religy yn Armeenje is it [[Kristendom]]. De skiednis fan dat leauwen giet tebek oant de [[1e iuw]] nei Kr. Neffens de tradysje stiften twa fan [[Jesus Kristus|Jesus]] syn apostelen: Tadeus en Bartolomeus de Armeenske tsjerke tusken 40-60 n. Kr. Armeenje wie ek de earste steat dy't it Kristendom ta steatsreligy ferklearje soe yn [[301]]. Goed 93% fan de Armeenske befolking heart by de [[Armeensk-Apostolyske tsjerke]].
 
Oare tsjerken binne: