Ferskil tusken ferzjes fan "Brûnstiid"

f.Kr./n.Kr.
(omstav.)
(f.Kr./n.Kr.)
{{Berjocht:Trijeperioadesysteem}}
[[Ofbyld:Collier de Penne.jpg|thumb|250px| Brûnstiid - [[:fr:Muséum de Toulouse|Muséum de Toulouse]]]]
De '''brûnstiid''' is it tiidrek tusken (sa. [[30e iuw f. Kr.|3000]] oant [[8e iuw f. Kr.|800 f. Kr.]]) en dat folget op it [[Neolitikum]]. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de [[kopertiid]], dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de [[Feluwe]] is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de [[Izertiid]].
 
Yn de rin fan de tiid ferfong [[brûns]] stadichoan [[fjoerstien]] as wichtigste materiaal foar [[ark]] en [[wapens]] en waard ek brûkt foar [[sieraad|sieraden]]. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen [[bile]]n, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas [[earmbân|earmbannen]]. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.
 
Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn [[Drinte]] as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de [[Barnstienpaad|barnstienrike]] [[Eastsee]]kust.
De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it [[Midden-Easten]] ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f. Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.
 
Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de [[Ilias]], de [[Odyssee]], parten fan de [[Bibel]] en it [[Gilgamesjepos]] spylje har ôf yn de brûnstiid.
== Nederlân ==
De brûnstiid yn Nederlân kin ûnderskieden wurde yn:
* Iere brûnstiid (2000 - 1800 f. Kr.)
* Midden brûnstiid (1800 - 1100 f. Kr.)
* Lette brûnstiid (1100 - 800 f. Kr.)
 
Brûns wie krap yn de Lege Lannen. De grûnstoffen foar brûns, [[koper (elemint)|koper]]- en [[tin (eliment)|tin]]-[[Erts (mineraal)|erts]], komme nammentlik net foar yn Nederlân. Al it brûns moast dêrom ymportearre wurde. In protte skikte ruilmiddels wienen net oanwezich. Faak sil [[barnstien]] en [[sâlt]] wol brûkt wêze om te ruiljen. Dizze waarden ruile tsjin kant-en-kleare produkten of tsjin brûnsskroat. Fan opbrûkte foarwerpen waarden lokaal wêr nije foarwerpen jitten. Trochdat it brûns sa krap wie, bleau fjoerstien bestean.
17.651

bewurkings