Daasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 11:
 
 
[[Burebista]], dy’t regearre fan [[82 f. Kr.]] oant [[44 f. Kr.]], feriene de Daasjers yn ien ryk. Hy makke sels de [[Boii]] en oare [[Kelten|Keltyske stammen]] fan [[Bohemen]] en [[Moraavje]] skatplichtich. In driigjende kriich tusken it ryk fan Burebista en it [[Romeinske Ryk]] waard foarkommen trochdat yn 44 foar Kristus sawol [[Julius Caesar]] as Burebista slachtoffer waarden fan moardoanslaggen. Dêrnei fûl it ryk fan Burebista útinoar.
 
De Daasjers foarmen oan de ein fan de [[1e iuw]] nei Kristus op ‘e nij in machtich ryk ûnder harren kening [[Decebalus]]. De Romeinske keizer [[Trajanus]] fûn dat dit ryk in bedrieging foarme foar de feiligens fan de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau en begûn dêrom yn [[101]] nei Kristus in kriich tsjin de Daasjers. Nei fûl ferset waarden dizze yn [[106]] nei Kristus definityf ferslein. De haadstêd fan de Daasjers, [[Sarmizegetusa]], waard folslein platbaarnd, en likernôch 150.000 finzenen waarden as slaven fuortfiert. De Romeinen makken in provinsje fan it gebiet, [[Romeinsk Daasje]]. Romeinske autoriteiten organisearren in grutte kolonisaasje fan it gebiet mei immigranten út [[Itaalje]] en de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau, wêrtroch de romanisearring fan it gebiet befoardere waard.