Fantasy (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 2:
 
==Skiednis==
It is dreech om te sizzen wannear't fantasy as in literêr sjenre krekt ûntstien is. Men soe safier weromgean kinne as it [[Sûmearje|Sûmearyske]] ''[[Epos fan Gilgamesj]]'', dat om 2100 f. Kr. al bestie, en fia [[Homêros]] syn ''[[Odyssee]]'', it [[Yndia|Yndyske]] ''[[Ramayana|Rāmāyaṇa]]'', it [[Araabje|Arabyske]] ''[[It Boek fan Tûzen en Ien Nacht|Boek fan Tûzen en Ien Nacht]]'', it [[Angelsaksen|Angelsaksyke]] ''[[Beowulf]]''-epos en de [[Midsiuwen|Midsiuwske]] [[Arthurleginde]]n, lykas ''[[Hear Gawain en de Griene Ridder]]'', útkomme kinne by de [[mearke]]s fan 'e [[bruorren Grimm]]. Sels [[kristendom|trochkristlike]] wurken as ''[[De Godlike Komeedzje]]'' en [[toanielstik]]ken fan [[Shakespeare]] as ''[[In Midsimmernachtdream]]'' soene ûnder sa'n wide betsjutting te beflappen wêze.
 
Men is lykwols ornaris fan tinken dat fantasy yn 'e moderne sin fan it wurd begûn is mei [[George MacDonald]], de njoggentjinde-iuwske [[Skotlân|Skotske]] [[auteur]] fan boeken as ''[[The Princess and the Goblin]]'' en ''[[Phantastes]]''. It earste fantasyboek foar bern wie ''[[The King of the Golden River]]'', út [[1841]], fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] skriuwer [[John Ruskin]], wylst MacDonald syn ''Phantastes'' algemien beskôge wurdt as de earste fantasy[[roman]] foar folwoeksenen. Njonken MacDonald wie de Ingelske [[dichter]] [[William Morris]] de oare grutte fantasyskriuwer fan 'e njoggentjinde iuw, mei û.m. ''[[The Well at the World's End]]''.