Feda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rigveda MS2097.jpg|thumb|180px|[[Rig-Feda]], eksimplaar yn it [[Devanagari]] út begjin 19e iuw]]
De '''Feda's''' (wat ''witte'' of ''kennis'' betsjut) binne fjouwer skriften dy't de grûnslaggen foarmje fan de [[upanishad]]en, de Yndiaaske [[filosofy]] en harren [[religy]]s. Se bestean út religieuske [[hymne]]n oer God(en), spirituele filosofy, it universum, de natuer en de krekte wize fan libben. Dizze skriften binne ûntstien tusken 1500 en 500 f. Kr.
 
== Oarsprong ==
Nei alle gedachten is de âldste Feda, de [[Rigfeda]], ûntstien by de [[Ariërs]], in Yndo-Jeropeesk folk dat sûnt de [[15e iuw f. Kr.]] Yndia ynloek. De lettere Feda's wurde beskôge as iepenbieringen fan saneamde [[rishy]]'s of wize stamhaden dy't harren kennis opdienen troch direkte waarnimming yn suver bewust wêzen. Dêrmei hearre sy ta de alderearste religieuske teksten fan de wrâld.
 
De Feda binne pas frij let nei de útfining fan it skrift opskreaun. Dat hie te krijen my de iuwenâlde tradysje om kennis út de holle te learen. Dat oanlearen fan dizze kennis barde troch spesjale persoanen (pandits) dy't traind wienen de hymnen út de holle te learen. By de religieuske [[kaste]] fan de [[Brahmaan|Brahmanen]] waard dizze kennis faak troch famylje trochjûn. Spesjale fersstruktueren en ritmes soargen derfoar dat de teksten yntakt bliuwe koenen, hoewol't in protte teksten yn de rin fan de tiid toch ferlearn gean soenen.