Germaanske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "PiefPafPier".
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 28:
 
===Oerlevering===
De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e [[Helm fan Negau]], mooglik út 'e [[2e iuw f. Kr.|twadde iuw f. Kr.]] De helm waard yn [[1812]] fûn by [[Negau]], yn [[Eastenryk]]. Yn in noardlik [[Etrusken|Etruskysk]] skrift is dêrop skreaun: ''hargasti teiwa'' (oer de betsjutting dêrfan bestiet nochal wat ûnienichheid). Fierders binne oant de [[earste iuw]] nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[skriuwer]]s, lykas [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] en [[Julius Caesar]].
 
Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes bewarre bleaun yn it [[runen|runeskrift]], in [[alfabet]]ysk skrift dat ûntstien liket te wêzen yn 'e earste helte fan 'e earste iuw nei Kristus, mar dat fanôf de komst fan it [[kristendom]] ferfongen waard troch it [[Latynske alfabet]]. Lykwols, Germaanske talen hawwe ornaris mear klanken as it [[Latyn]], dat de ûnderskate Germaanske talen hawwe oan it Latynske standertalfabet in ferskaat fan oare letters en [[diakritysk teken|diakrityske tekens]] tafoege: á, â, ä, å, æ, ð (de stimhawwende th), é, ê, í, î, ý, ó, ô, ö, ò, ø, þ (de stimleaze th), ú, ü.