Herodotus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:AGMA Hérodote.jpg|right|thumb|Búste fan Herodotus]]
'''Herodotus''' (''[[Gryksk]]: ῾Ηρόδοτος''; sa. [[485 f. Kr.]] - om-ende-by [[425 f. Kr.]], [[Thurii]]), wie in [[Grikelân|Grykske]] skriuwer, dy't sjoen wurdt as de earste skiedskriuwer.
 
== Libben ==
Herodotus kaam nei alle gedachten út in ûntwikkele húshâlding, hy hie in brede en djipgeande kennis fan alle literatuer út syn tiid. Op jonge leeftyd moast er fanwege persoanlike politike problemen ferhúzje, en gie er nei it Grykske eilân [[Samos]]. Yn de jierren dêrnei makke hy in rige stúdzjereizen troch de hiele doe bekende wrâld (ûnder oaren [[Grikelân]] sels, [[Lyts-Aazje]], Boppe-[[Egypte]], Noard-[[Afrika]], parten fan it [[Heine Easten]], it tsjintwurdige [[Oekraïne]] en de [[Krim]], en parten fan West-Jeropa. Sa koe er in protte kennis garje en beskikte hy oer in foar dy tiid seldsume kennis fan de wrâld.
 
Sa om syn fjirtichste libbensjier hinne fêstige hy him yn [[Atene]] (445 f. Kr.) dêr't er yn it iepenbier lêzingen hâlde oer syn reizen. Hjirtroch waard er opnommen yn de rûnte fan foaroansteande intellektuelen om de steatsman [[Perikles]] hinne. Ek de trageedzjeskriuwer [[Sofokles]] makke diel út fan dizze groep.
 
Inkele jierren letter gie Herodus nei [[Thurii]] yn [[Magna Graecia]], in Grykske koloanje yn Súd-Itaalje, dêr't er him foar fêst nei wenjen sette. Sûnt dy tiid makke hy noch in pear lytse reizen en makke syn libbenswurk ôf, de ''[[Histoarjes]]'' (oarspronklike titel ''Ἱστορίης ἀπόδεξις'', wat safolle betsjut as ''Ferslach fan myn ûndersyk'').