Istanbûl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 46:
 
== Skiednis ==
De orizjinele namme wie '''Byzantion''' yn it [[Gryksk]], en hie '''Byzantium''' as [[Latynsk]]e namme. Byzantium wie oan de begjin in koloanje fan Griken út Megara yn [[667 f. Kr.]], en krige de namme fan harren kening Byzas. Yn [[196]] n. Kr. wie Byzantium ferneatige troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]], en dêrnei wer opboud troch de keizer fan it Romeinske Ryk [[Septimius Severus]]. [[Konstantyn de Grutte]] fûn dizze lokaasje gaadlik om in nije Romeinske stêd te bouwen, en yn it jier [[330]], waard Byzantium de nije haadstêd fan it Romeinske Ryk. De stêd krige de namme fan Konstantyn de Grutte '''Konstantinopel''' ('''Konstantinopolis''' yn it Gryksk''').
 
Doe't it Romeinske Ryk opdield waard yn twa dielen, it [[East-Romeinske Ryk]] wie ferneamd as it [[Byzantynske Ryk]], hjir wie de haadstêd Konstantinopel. Alhoewol't de stêd feroare waard troch [[Krúsfarders]] foar in skoftsje, bleau Konstantinopel syn politike, kulturele, religjeuze en ekonomyske funksje behâlde. De ein fan it âlde Konstantinopel kaam doe't de [[Ottomaanske Ryk|Ottomanen]] de stêd yn [[1453]] feroveren.