Julius Agrikola: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Agrikola waard berne yn 40 n. Kr. yn Forum Julii ([[Fréjus]]). Syn heit wie senator en syn mem in ûntwikkele frou, dy't him nei Grykske skoallen yn [[Marseille]] stjoerde. Syn karriêre begûn al op jonge jierren as ofsier yn it leger. Hy tsjinne ynnearsten yn [[Brittanje]] (58-61) en dêrnei noch in skoft yn [[Aazje]]. Nei in bestjoerlike funksje yn Rome krige er it befelhawwerskip oer it leger yn Brittanje (70-74) en dêrnei it gûverneurskip fan earst [[Akwitaanje]] (Súdwest-Frankryk) en dêrnei Brittanje (77-83).
 
Yn Brittanje wreide Agrikola de Romeinske macht sterk út. Troch keizer [[Fespasianus]] konsul makke, oermastere hy Noard-[[Wales]] en [[Anglesey]] (78), en loek dêrnei yn noardlike rjochting troch [[Ingelân]] en besette súd-[[Skotlân]] (fan 80 ôf), en boude in rige fan forten tusken de [[Firth of Forth]] en de [[Firth of Clyde]]. Yn de [[Slach by Mons Graupius]] (± 84) fersloech hy de [[Kaledoanje]]rs. Agrikola stjoerde in float út dy't om Brittanje hinne fear en de [[Orkneys]] ûntdekte. Yn [[85]] waard hy werom roppen nei [[Rome (stêd)|Rome]]. Under de paranoide wurdende keizer [[Domitianus]] krige Agrikiola net mear in wichtich kommando.