Ferskil tusken ferzjes fan "Kassius Dio"

f.Kr./n.Kr.
(omstav.)
(f.Kr./n.Kr.)
 
== Libben ==
Lusius Kassius Dio waard as [[Grikelân|Gryk]] en soan fan Kassius Apronianus, lid fan in wichtige lokale famylje én senator, berne te [[Nicaea]] yn [[Bithynia]] (± 155 n. Kr.). Hy folget yn Nicaea in retoarenoplieding, dêr't hy ynteressearre rekke foar û.o. [[Thucydides]]. Mei syn heit ferfarde hy nei [[Rome (stêd)|Rome]] en foltôge dêr syn oplieding.
 
Neidat syn heit him yntrodusearre hie yn de Romeinske senaat wurket hy in skoft as amtner en makket opgong sa om 190 hinne ta senator. Wannear't yn 192 [[Kommodus]] fermoarde wurdt en [[Septimius Severus]] as oerwinner út de striid komt, stjoert Dio in wurkje nei Severus oer dreamen en foartekens en dêr't er syn troansbestiging yn foarseit. Op dy wize komt Dio yn de rûnten terjochte fan de keizer en rekket mei him befreone. Oan dat kontakt hat er ek syn beneaming as [[praetor]] (195) en gûverneur fan in provinsje te tankjen. Yn 204 wurdt er beneamd ta konsul.
17.653

bewurkings