Qin Shi Huang: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 11:
 
== De Sineeske muorre ==
Kwin Shi Huang woe Sina beskermje tsjin ynfallen fan [[nomaden|nomadyske]] folken. Yn it noarden wienen al inkele muorren dy't troch oare steaten boud wiene, en Kwin Shi Huangdy besluet dat dizze allegear mei elkoar ferbûn en útwreide wurde moasten sadat der in trochrinnende muorre ûntstie fan de [[Giele See]] nei Sintraal-Aazje. Alle draaien en bochten meirekkene hat de [[Sineeske Muorre|Grutte Muorre]] in lingte fan 6400 kilometer. De hichte is ûngefear njoggen meter. De bou hat ûngefear tsien jier yn beslach naam, fan 214 oant 204 f. Kr.. De muorre waard boud fan ierde en stien. Op fêste ôfstannen waardeb útsjochtuorren boud dy't sa'n 12 meter heech wiene. Dizze wienen bedoeld om de muorren te beweitsjen en ek om sinjalen, oerdei mei reek, nachts mei fjoer, oer te bringen nei de haadstêd [[Ksianjang]]. De Grutte Muorre waard boud troch soldaten, feroardielden, kriichsfinzenen en slaven. Omdat de muorre boud waard yn in skreiershoek fan it ryk, moast der in spesjaal netwurk fan wegen oanlein wurde foar it ferfier fan de arbeiders, itensfoarrieden en ark.
 
== It Terrakottaleger ==