Markus Lisinius Krassus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Markus Krassus to Markus Lisinius Krassus: folslein
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Crassus.JPG|thumb|right|250px|Buste fan Markus Krassus]]
'''Markus Lisinius Krassus''' ([[115 f. Kr.]] - [[53 f. Kr.]]) wie in belangryk [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] politikus yn de tiid fan de [[Romeinske Republyk]]. Hy hie de bynamme '''Dives''', wat ''rike'' betsjut. Syn rykdom fergaarre hy troch slavehannel en fêstguod. As praetor ferneatige hy de opstannige slaven ûnder [[Spartakus]]. Hy makke mei [[Julius Caesar|Caesar]] en [[Pompejus]] diel út fan it [[Earste Trijemanskip]] (60 f. Kr.).
 
== Libben ==
Krassus wie fan aadlike komôf en kaam út in laach dat fjochte hie yn de [[Twadde Punyske Oarloch]]. Hja beklaaiden wichtige funksjes by de Romeinske oerheid. Syn heit [[Publius Krassus]] wie konsul yn 97 f. Kr. en sensor yn 89 f. Kr., mar waard inkele jierren letter lykwols fermoarde, doe't [[Gaius Marius]] en [[Lusius Kornelius Sinna]] yn it konflikt mei [[Sulla]] yn Rome in greep nei de macht diene. De jonge Krassus slagge deryn himsels te rêden en focht oan de side fan Sulla yn de boargerkriich. As offisier ûnderskiede hy him yn de lêste grutte slach, de "[[Slach by de Porta Colinade]]". Yn it tiidrek dat dêrop folget makket Krassus syn fertún.
 
Krassus moast de slaveopstân dy't ûnder leiding stie fan [[Spartakus]] en grutte parten fan Súd-Itaalje terrorisearre, delslaan mei 8 legioenen. Ynearsten behelle hy allinnich mar tsjinslaggen dêr't de Romeinske legioenen troch de opstannelingen ferslein waarden. Stadichoan wist Krassus it inisjatyf nei him ta te hellen. Uteinlik naam er Spartakus en it restant fan syn opstannelingeleger finzen doe't dy de [[Adriatyske See]] oerstekke woenen. Neffens lettere skiedskriuwers soenen Spartakus, tegearre mei 6000 fan syn slaven krusige wêze lans de [[Via Appia]].
Yn [[70 f. Kr.]] waard Krassus û.o. troch dizze oerwinning tegearre mei [[Pompejus]] ta konsul keazen.
 
== Earste Triumviraat en dea ==
Tegearre mei Pompejus stipe Krassus [[Julius Caesar|Caesars]] syn kandidatuer foar it konsulaat, wêrtroch in machtsblok foarme waard: it [[Earste Triumviraat]] (Trijemanskip). Yn [[54 f. Kr.]] gie hy as [[prokonsul]] nei [[Syrje]] dêr't de Romeinen yn kriich wiene mei de [[Parten]]. Krassus late de operaasjes fan it leger dêr en oan it haad syn legioenen gie er sels op fjildtocht nei [[Mesopotaamje]]. Yn de woastyn by it plakje [[Haran|Carrhae]], yn it noarden fan it hjoeddeiske Irak, rekke it Romeinske leger ynsletten troch [[Surenas]], generaal fan de Partyske kening [[Orodes II]] dy't it befel fierde oer 10.000 ruters mei gefaarlike en tige effektive bôgen. Sy bestoken oan ien tried wei de 40.000 Romeinske ynfanteristen fan Krassus fan grutte ôfstân mei deadlike pylken. It wie krekt oft de Romeinen in in grutte deadlike bijeswaarm telâne kamen. Krassus syn soan [[Publius Krassus]] sneuvele by dat foarfal. Mei de oerbleaune soldaten besiket Krassus in goed hinnekommen te finen werom nei de Romeinske provinsje [[Asia (Romeinske provinsje)|Asia]]. As de Parten oanjouwe mei him ûnderhannelje te wollen oer frede wurdt er op wei nei it stee dêr't it fredespertear hâlden wurde soe finzen naam en koart dêrnei fermoarde. Neffens de historikus [[Kassius Dio]] (dy't twahûndert jier letter libbe) gie by de Parten it ferhaal rûn dat er goud yn syn ôfhakte holle jitten waard.
 
[[Kategory:Romeinsk politikus]]