Mitridates VI: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Ponto.jpg" is op Commons fuorthelle Ellin Beltz om't: Copyright violation; see Commons:Licensing - Using VisualFileChange..
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Mithridates VI Louvre.jpg|thumb|right|220px|Búste fan Mitridates yn museum it [[Louvre]], Parys]]
'''Mitridates''' ([[132 f. Kr.]]- [[63 f. Kr.]]) wie fan sa. 120 f. Kr. oant syn dea kening fan [[Pontus]]. Pontus wie yn dy tiid it grutste keninkryk mei de measte kwizekwânsje yn [[Lyts-Aazje]]. Hy fierde trije krigen tsjin de [[Romeinske Republyk]].
 
== Skiednis ==
Mitridates wie lange tiid flechteling en hy hat ferskillende kearen bruorremoard plege moatten om de [[troan]] fan Pontus bestiigje te kinnen. Hy bemachtige ynearsten fruchtbere en foar de hannel wichtige gebieten yn (it tsjintwurdige) Súd-Ruslân en rjochte syn polityk dêrnei op de oermastering fan [[Lyts-Aazje]]. By dat stribjen rekke er yn konflikt my de allyksa op ekspânsje beluste Romeinen.
 
Dekt troch in bûnsmaatskip mei [[Armeenje]] en stipe troch de ûntefreden befolking fan de Romeinske provinsje [[Asia (Romeinske provinsje)|Asia]], dy't in protte te lijen hie ûnder korrupsje en it ienhalige beleid fan de Romeinske steedhâlders, sette hy yn [[89 f. Kr.]] útein met de striid. Oeral dêr't Mitrades kaam waard er wijd en seid ynhelle as befrijer en befredige de wraaksucht fan de pleatslike befolking troch in organisearre slachtpartij: fanút [[Ephesus]] joech hy it sein om yn it hiele lân op ien dei alle út Itaalje ôfkomstige Romeinske ûnderdienen (goed 80.000) fermoardzje te litten. Nei dy slachting stuts er oer nei [[Grikelân]] dêr't de minsken him lyksa mei jûchei ûnthellen.
 
De tebekslach kaam doe't [[Sulla]] yn Grikelân ferskynde: hy naam Atene yn en fersloech Mitridates syn troepen by [[slach by Chaeronea|Chaeronea]]. Yn [[85 f. Kr.]] wie Lyts-Aazje wer yn Romeinske hannen en moast de befolking boete foar har opstân û.o. troch ûnfoech hege belêstingen.
 
 
Yn [[74 f. Kr.]] ferfette Mitridates syn besikings, mar waard troch de betûfte Romeinske fjildhear [[Lukullus]] tsjinhâlden en twongen nei Armeenje te flechtsjen. Ek dat lân waard troch Lukullus ferovere, mar hy moast it lykwols wer priisjaan doe't er fan it kommando ûntheft waard. Dat foarfal joech Mitridates de gelegenheid him te werstellen, oant [[Pompejus]] yn 66 f. Kr. foarfêst mei him ôfrekkene. Mitridates flechte fuort nei de [[Krim]] en nei de see fan [[Azov]], dêr't syn soan in rykje bestjoerde. Hy hy plannen om fan dêrút opnij de Romeinen opnij te bestoke. Dy plannen mislearen, omdat de befolking wegere de swiere lêsten foar de kriichsfiering op te bringen en yn opstân kamen.
 
Mitridates besleat doe in ein oan syn libben te meitsjen. It skynt dat er earst gif ynnommen hie (dat blykber net goed wurke!), wêrnnei't er him, mei help fan in trouwe dienaar, op syn [[Swurd (wapen)|swurd]] stoarte.