Nearo Klaudius Drusus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering oanpast
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Image:Drusus the elder bust.jpg|right|thumb|175px|Búste fan Drusus]]
'''Drusus''' folút '''Nearo Klaudius Drusus''' ([[38 f. Kr.]] – [[9 f. Kr.]]), wie in Romeinsk generaal ûnder keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]] dy't him as syn bêste befelhawwer beskôge. Hy hat de earste Romeinske ''dux'' west dy't de noardlike oseaan befarde en ûnder him waard it noarden fan Nederlân troch de Romeinen beset.
 
==Libben==
Rigel 7:
Troch keizer Augustus dy't mei syn mem troude neidat er earst syn heit twongen hie om fan har te skieden, waard er grutbrocht as wied er syn eigen soan.
 
Om [[18 f. Kr.]] troude Drusus mei [[Antonia Augusta|Antonia]], in nicht fan de keizer. Yn de koarte tiid dat sy tegearre wienen, krigen sy trije bern, nammentlik [[Germanikus]], berne om-ende-by [[15 f. Kr.]], Livilla yn [[13 f. Kr.]], en de gammelige [[Tibearius]] yn [[10 f. Kr.]], dy't letter keizer wurde soe.
 
Hy wie in súksesfol Romeinsk militêr dy't in protte gearwurke mei syn broer [[Tibearius]]. Hy stoar op 29-jierrige leeftyd yn [[9 f. Kr.]] nei in ûngelokkige fal fan syn hynder.
 
==Drusus yn Fryslân==
Yn [[Fryslân]] is Drusus fral bekend wurden troch syn oerweldiging fan [[Germaanje]] yn [[12 f. Kr.]]. Troch him waarden de [[Friezen]] skatplichtich makke oan it [[Romeinske ryk]] en levere sy helptroepen oan it ynvaazjeleger fan de Romeinen. Fryske seelju hawwe de Romeinske float oer de [[waadsee]] loadse en yn it gebiet fan de [[Sjauken]] ticht by de kust yn it noarden wie de Fryske stipe ûnmisber.
 
Omdat er it nij oermastere gebiet goed yn de knipe hâlde woe, hat er in keatling fan wachtposten en legerplakken oanlizze litten. Lâns de Ryn hawwe dat mear as 50 west. Oaren hat er bouwen litten lâns de [[Iems]], [[Weser]] en [[Elbe]]. Ek liet er de [[Drususgrêft]] oanlizze en om de tafier fan wetter goed regelje te kinnen, liet er by de splitsing fan de [[Ryn]] en de [[Waal]] de '''Drususdaam''' bouwe. <ref>H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 33''.</ref> De [[Germanen]] hawwe dy daam letter ferwoaste.
 
Yn [[9 f. Kr.]] marsjearre Drusus foar de fjirde kear de Ryn oer Germaanje yn. Hy luts troch it gebiet fan de [[Sjatten]] en [[Sueben]] nei dat fan de [[Sjerusken]], yn it streamgebiet fan de Midden-Weser]]. Neidat er dy rivier oerstutsen hie, berikte hy de ouwer fan de [[Elbe]] en makke him ree foar de weromreis. Noch djip yn it Germaanske gebiet bruts er by in fal fan syn hynder e kûtbonke en rûn derby bloedfergiftiging. Neffens [[Suetonius]] beswykte hy 30 dagen letter oan de gefolgen dêrfan yn in tydlik simmerkamp.
 
Nei syn dea yn [[Mainz]] waard Drusus op talrike plakken troch de Romeinske legioenen yn [[Boppe-Germaanje]] en [[Neder-Germaanje]] fereare. De „Drususstien“ yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in tige grut monumint dat oprjochte waard foar Drusus.